Grevinnewei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
.
L stikje red.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Snits-Snitsermar-dr Lolke Dokkum op de droechfallen Grevinnewei (1911).jpg|thumb|''dr. Lolke Dokkum op de droechfallen Grevinnewei (1911)'']]
 
De '''Grevinnewei''' is de namme foar in tal wegen, paden, leanen, en rêgen op de boaiem fan marren en troch lannen dy't fan de omjouwing ôfwikend, yn strokenstreken lizzende grûnsoarten of oare troch harren lizzing de oandacht lûkende terreingedielten. Hoewol't de folksoerlevering ferbân leit tusken fier fan elkoar ôf lizzende objekten mei de namme Grevinnewei, is it ûnmooglik om alle Grevinnewegen geologysk, feografyskgeografysk en histoarysk mei elkoar ta in gehiel te ferbinen.
 
== Snitser Mar ==
Bekend is de sânrêch dy't troch de [[Snitser Mar]] rint dy't yn de droege simmer fan 1911 troch L.A. van Dokkum ûndersocht is. It is in samling fan tige hurde banken oan de eastlike ouwer fan de Snitser Mar. DizzeDy Grevinnewei leit besuden de strekdaam fan de Terhernsterslûs en rint oant de punt fan de lântonge by it [[Hearregat]]. It is in brede ûndjipte fan hurd brúnread sân en rint fan [[Jongebuorren]] yn [[Terherne]] nei [[Offenwier]]. Yn eardere tiden waard de sânrêch by in lege wetterstân brûkt om troch de Snitser Mar te wâdzjen. De konklúzje fan Van Dokkum wie: in heechlizzende diluviale formaasje.
 
De âldste beskôging oer de Grevinnewei is fan [[1826]]: ''een oude weg uit de Zuiderzee door Friesland lopende, waarschijnlijk 't werk der Romeinen'' (J. van Leeuwen), de âldste fermelding út [[1541]]: ''die Grauinne wech (door Haskervyfgae naar 't klooster te Nes)''. Dy waard nei ynspeksje troch it Hof ([[1542]]) wer yn oarder brocht, mar is pas sûnt de befluorring noard fan It Hearrenfean it hielhiele jier troch brûkber. [[S. J. van der Molen]] mient dat de namme soms jong is en fersmyt de ôflieding ''Grevinnewei=groeven wei'' en tinkt oan folksetymology, wêrby't de 'greve' út Gravepoel, Greuewei ensfh, in 'grevinne' njonken him krige. It soe te fergelykjen wêze mei Keninginnewei, Keizersdyk, diels ek foar objekten as Grevinnewei. Fersprieding fan de namme waard befoardere troch de ta de ferbylding wurkjende klang.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=