Joeri Andropov: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dea plaatsje
L [[]]
Rigel 4:
Yn [[1936]] waard Andropov funksjonaris fan de kommunistyske jongereinorganisaasje [[Komsomol]]. By de earste grutte suvering (de [[paranoïde]] [[Jozef Stalin]] liet hûnderten regearings en legerfunksjonarissen op beskuldiging fan spionaazje of ferried eksekutearje) klom Andropov hurd op yn de Komsomol. Hy waard yn [[1939]] lid fan de kommunistyske partij fan de Sowjetuny en makke karriêre yn [[Moskou]]. Yn [[1940]] waard hy sekretaris fan Komsomol.
 
Doe't de Dútsers yn de [[Twadde wrâldkriichWrâldkriich]] binnen foelen focht hy as in [[partisaan]] efter de Dútske liny’s. Der kaam hy yn oanrekking my de Russyske feilichheidstsjinst ([[NKVD]]) de lettere [[KGB]]). Nei de kriich krige Andropov in soad wichtige partijfunksjes. Nei de dea fan Jozef Stalin waard hy yn [[1953]] fuort promovearre en ambassadeur fan de USSR yn [[Hongarije]]. Hjir wist hy de [[Hongaarske opstân]] del te slaan troch de sittende politisy te arrestearjen. Tsjinstanners neamden him wreed. De lieders fan de Hongaarske opstân wêrûnder [[Pál Maléter]] en [[Imre Nagy]], waarden koarte tiid letter eksekutearre. Nei de Hongaarske opstan kaam Andropov werom yn de heechste rangen fan de [[CPSU]].
 
Yn [[1967]] beneamde [[Leonid Brezjnev]], doe de lieder fan Sowjetuny, Andropov ta haad fan de KGB. Hy soe dit seis jier dwaan, dêrnei waard Andropov lid fan it [[Politburo]], it heechste orgaan fan de Kommunistyske partij.