Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: ja:アルメニア人虐殺
Rigel 29:
 
== Tal slachtoffers ==
itIt tal slachtoffers hat nea offisjeel fêststeld west. Histoarisy binne noch hieltyd ferdield hjiroer. Turkske, Armeenske en westerske skiedkundigen prate elkoar tsjin op dat mêd. De measte Turkske en westerske histoarisy hâlde it op 200.000 oant 500.000 slachtoffers, Armeenske en westerske histoarisy sprekke fan 600.000 oant oardel miljoen slachtoffers.
 
De Amerikaanske histoarikus [[Bernard Lewis]] hâldt it op 'mannige hûnderttûzenen oant miskyn wol in miljoen' slachtoffers.<ref name="Lewis1995-320">[[Bernard Lewis]] (1995) ''Het Midden-Oosten: 2000 jaar culture en politieke geschiedenis'', side 320</ref> Neffens de Britse histoarikus [[Martin Gilbert]] leit it tal om-ende-by in miljoen, dêr't 600.000 fan fermoarde yn bloedblêden yn Anatoalje en 400.000 troch geweld en hongerstjerte ûnder de deportaasjes nei woestinen yn hjoeddeisk Syrje en Irak. Noch 200.000 Armeenjers waarden ferplichte harren te bekearjen ta de islam.<ref name="Gilbert-167"/> De Britse histoarikus [[Peter Mansfield]] skat it tal slachtoffers op ien-en-in-fearnsdiel oant oardel miljoen.<ref> [[Peter Mansfield]] (2003) ''A History of the Middle-East'', second edition</ref> De Nederlânske wittenskipper [[Erik-Jan Zürcher]] hâldt it op 600.000 oant 800.000 slachtoffers.<ref>[[Erik-Jan Zürcher]] (2001) ''Turkey: a modern history'', second edition, side 120</ref> [[Ton Zwaan]] skat it tal op 800.000 oant 1 miljoen <ref name=autogenerated1>[[Ton Zwaan]] (2001) ''[http://users.skynet.be/bs136227/src2/Bulletin2000/Bull%2017%20Armeense%20genocide.pdf#search=%22ton%20zwaan%20genocide%20armeense%22 De 'vergeten' genocide]''</ref> De Amerikaanske politikolooch [[Rudolph J. Rummel]] hat berekkene dat tusken [[900]] en [[1924]] likernôch 1,8 miljoen Armeenjers deade binne.<ref>[[R.J. Rummel]] [http://www.mega.nu:8080/ampp/rummel/sod.chap5.htm ''Statistics of Democide'', Haadstik 5 (1997)]</ref>