Dúntsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] better
letter mear skiednis
Rigel 29:
 
De stedekloft Dúntsjerk hearre ek de gemeenten [[Grut-Sinten]] (''Grande-Synthe''), [[Sint-Pols]] (''Saint-Pol-sur-Mer''), [[Nij-Kâldtsjerk]] (''Coudekerque-Branche''), [[Leffrinkhoeke]] (''Leffrinckoucke''), [[Kapelle (Frankryk)|Kapelle]] (''Cappelle-la-Grande'') en [[Fort-Mardyk]] (''Fort-Mardyck'') ta. Dúntsjerk is in sintrum fan belang foar de regio, oant yn Belgje ta.
 
== Namme en taal ==
[[Ofbyld:FlemishinDunkirkdistrict.PNG|thumb|left|Taalûntjouwing yn Dúntsjerk]]
De namme Dúntsjerk komt fan it West-Flaamske "dun(e)" ([[dún]]) en "kerke" (tsjerke). Oant de midden fan de 20e ieu foel de stêd ûnder it Frâns-Flaamske taalgebiet; hjoeddeis wurdt der noch wol in [[Nederlânsk|Flaamsk]] [[dialekt]] praat, mar it dialekt hat in soad terrein ferlern en wurdt stdichoan ferfongen troch it [[Frânsk]].
 
== Skiednis ==
De namme Dúntsjerk wurdt foar it earst neamd yn [[1067]].
 
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] hiene de [[Dúntsjerker kapers]] de stêd as útfalsbasis. [[Johan fan Oldenbarnevelt]], [[riedspensjonaris]] fan [[Greefskip Hollân|Hollân]], woe harren fuorthawwe om't sy de hannel fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] slim behinderen, mar in fjildtocht fan [[Maurits fan Oranje]] tsjint de kapers rûn út op de [[Slach by Nijpoart]]. De prins fûn fierder oplûken nei Dúntsjerk dêrnei te gefaarlik en luts him tebek sadat de kapers foarearst har gong gean bliuwe koenen.
 
== Ferkear en ferfier ==
Dunkirk hat in fearboatferbining mei [[Dover]] yn [[Ingelân]]. It spoarstasjon (''Gare de Dunkerque'') biedt ferbinings mei [[Kales]], [[Lille]] (TGV), [[Arras]], [[Parys]] (TGV) en ferskate plakken yn de regio.<br>
De stêd leit fierders oan de snelwei E40, dy't sa'n 40 kilometer bewesten Kales begjint. Yn súdeastlike rjochting is der de E42/A25, dy't Frânsk-Flaanderen trochkrúst rjochting Rysel en by [[Bergen (Belgje)|Bergen]] op de E19 útkomt.<br>
Teffens komme fiiftal kanalen by Dúntsjerk út.
 
== Stedsbyld ==