Kabûl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: fiu-vro:Kabul
red
Rigel 24:
}}
[[Ofbyld:Downtown area of Kabul.jpg|thumb|right|260px|Kabûl yn 2004.]]
'''Kabûl''' of '''Kaboel''' (Káboel) ([[Pasjtoe]], [[Perzysk]]: كابل Kābol) is de [[haadstêd]] en de grutste stêd fan [[Afganistan]]. Neffens de lêstlêste folkstelling fan 1979 hie de stêd 913.164 ynwenners. Tsjintwurdich skathâldt de Afgaanske Tsjinst foar de Statistyk dat oantaltal op sa'n 2.536.300. De stêd leit yn it easten fan it lân, net fier fan de grins mei [[Pakistan]].
 
Kabûl leit strategysk oan de [[Kyberpas]], de wichtichste ferbining tusken Afganistan en Pakistan.
 
== Skiednis ==
Neffens de oerlevering hawwe Iraanske stammen om 400 f.Kr. hinne it plak ''Kabura'' stifte. [[Aleksander de Grutte]] wie yn 330 f.Kr. yn it gebiet, mar makket gjin melding fan it bestean fan de stêd Kabûl.
Yn de [[7e ieu]] feroveren Arabieren de stêd. Babur makke de stêd yn 1504 ta haadstêd fan it Mogoelryk. Nadir Sjad, de sjah fan Iran, ferovere de stêd yn 1738. Yn 1773 waard Kabûl de haadstêd fan Afganistan.
As ûnderdiel fan de [[Earste Afgaansk-Britske Kriich]] waard de stêd yn 1839 troch de [[Feriene Keninkryk|Britten]] ferovere en yn 1842 foar in part delbaarnd. Yn 1879 wie der in grutte opstân tsjin de Britten. Yn 1879 waardkaam de stêd wer trochyn deBritske Britten feroverehannen, no yn de [[Twadde Afgaansk-Britske Kriich]].
Op 23 desimber 1979 besette de [[Sowjetuny]] de stêd. Yn de [[Russysk-Afgaanske Kriich]] (1979-1989) stie it militêre haadkertier fan de Sowjets yn Kabûl. Doe’t de Russen har weromlutsen ûntstie der in boargeroarloch, dêr’t sa likernôch 50.000 minsken by dearekken. Yn 1996 hie de [[Taliban]] de macht oer de stêd.
Nei de oanslaggen op de [[Feriene Steaten]] op [[11 septimber]] [[2001]] ferklearre de Feriene Steaten de kriich oan it terrorisme (Operation Enduring Freedom). Mei stipe fan oare lannen begûn de kriich tsjin de machthawwer fan Afganistan, de Taliban. Op 9 novimber 2001 slagge it de Noardlike Alliânsje, Afgaanske kriichshearen dy’t mei it westen fochten, om de stêd yn te nimmen. Yn desimber 2001 krige Afganistan in nij tydlik bestjoer mei Kabûl as haadstêd. Yn 2004 waarden de earste demokratyske ferkiezings fan Afganistan wûn troch [[Hamid Karzai]].
== Opbou ==