Hans Vredeman de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.2) (Bot - derby: es:Hans Vredeman de Vries
Rigel 3:
 
==Biografy==
Hans Vredeman de Vries wie de soan fan in bussjitter, yn tsjinst fan de Fryske steedhâlder [[Georg Schenck van Toutenburg]]. Hy begûn syn oplieding by in glêsskilder yn Ljouwert (en [[Kollum]]). Yn 1546 teach hy nei Amsterdam en Kampen. Yn 1549 wurke hy yn [[Mechelen (Belgje)|Mechelen]], dêr't syn broer wurke as organist. Under [[Pieter Coecke fan Aelst]] ûntwurp hy de triomfbôgen dy't brûkt waarden foar de ynkomst fan keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] en [[Filips II fan Spanje|Filips II]]. Ek bestudearre hy [[Vitruvius]] en [[Sebastiano Serlio]], oersetten troch syn learmaster. Yn 1561 troude hy mei Johanna fan Muysene, de suster fan in kollega-skilder, mar hja stoar al nei inkele jierren. Vredeman de Vries ûntwikkele him ta treflik en ferneamd perspektyftekener en yntrodudearreyntrodusearre de Italjaanske boustyl ten noarden fanbenoarden de [[Alpen]]. Hy publisearre ûnder oare by de drukker [[Plantijn]] foarbylden fan kartoesjes, trofeeën, arsjitektuer, [[fontein]]en, [[meubel]]s, grêfmonuminten, [[Pylder (boukunde)|pylders]], [[potguod]], termen en grotesken.
 
[[Ofbyld:Tuindoorvredemandevries.jpg|210px|thumb|left|Túnûntwerp troch Hans Vredeman de Vries út Hortorum (1583)]]