Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Fryske nammen.
Aliter (oerlis | bydragen)
Nammen
Rigel 100:
Aliter of oaren
Ik haw in fraach. Hoe witten jim al dy Fryske nammen. Aliter hat by de flinter (elfkes) in list mei nammen tafoege. Ik bin suver jaloersk. Ik moat it faak by Latynske nammen hâlde. Wer helje jim dy nammen wei.[[Meidogger:Jelle|Jelle]] 10.09, 28 okt 2006 (CEST)
 
:Dy nammen binne meast min ofte mear oersettings. Foar bisten en planten dy't net yn Nederlân foarkomme hat it Biologysk Wurkferbân gjin nammen fêsteld en faak binne der ek gjin oare boarnen mei in Fryske namme. Mar der binne al nammen foar, yn it Latyn en faak yn oare talen, dy't almeast mei help fan Wikipedia of in soartenwebstee wol út te finen binne. Mei dy nammen kinne der dan nammen fêststeld wurde neffens de rjochtlinen fan it wurkferbân.
 
: Der is al wat romte, fansels. Bygelyks, de Elfkes hjitte yn it Ingelsk "Elfsk", om't it in ferkoarting is fan "Elfske Paazje", en yn it Frânsk "Kabouterkes". "Elfkes" wie myn kar foar in namme dy't yn it Frysk past by flinters. Hoe ek, de wichtichste rjochtline fan it wurkferbân bliuwt fansels dúdlikens. [[Meidogger:Aliter|Aliter]] 18.26, 28 okt 2006 (CEST)