Jelle
Wolkom
bewurkje seksjeWolkom op de Fryske wikipedy. Ik sjoch jo binne al aardich op de hichte hoe at it wurket. Noch in pear opmerkings, benammen oer de ôfbylden.
- At jo in ofbyld nedich hawwe fan in flinter kinne jo op wikimedia commons ofbylden fine fan bygelyks it gieltsje. At jo de namme fan it ofbyld dat jo brûke wolle ynfolje wurdt it ofbyld fan de commons brûkt.
- Jo hawwe ek in tal ofbylden fan flinters oanbean. It moat wol dúdlik wêze wêr at it ofbyld weikomt en dat it frij te brûken is. As jo eigen wurk oanbiede wolle under de GNU/FDL lisensje, kinne jo dêr folstean mei {{Eigenwurk|~~~}}, as jo wurk oanbiede dat diel útmakket fan it Publyk Domyn mei {{PD}}.
- Fragen en opmerkings kinne jo op de oerlis siden kwyt. Jo kinne jo opmerkings dêr ôfslúte mei ~~~~, dit wurdt nei it festlizzen ferfong troch jo namme en datum/tiid fan de opmerking.
In protte nocht tawinske en oan't sjen. Theun 19.53, 25 sep 2006 (CEST)
Theun ik wol jo bedanke foar de tips dy jo my joen haw. Ik koe al net begripe wer al dy oare minsken de ôfbyldings wei krigen. Ik koe der ek neat fan fine op de Fryske wikypedia. It kin natuerlik ek wêze dat ik net goed sjoen haw. Yn els gefal bin ik fan plan om mear te skriuwen foar Wikypedia. Ik fin it tige leuk. Jelle 22.45, 25 sep 2006 (CEST)
- Nee, dat komt, de kear doe't ik in lange útlis skreaun hie oer ôfbylden foel de Wikipedy út krekt doe't ik dy fêstlizze woe, en op de ien of oare wize bin ik dy doe kwytrekke. Ik bin der oant no ta net oan ta kaam om't ik gâns de side wer yn ien kear skriuwe woe. Mar it is fansels folle wiki-eftiger om earst in lyts stikje te skriuwen, dêr't eltsenien (ik ek) dan wat byskriuwe kin: Wikipedy:Ofbylden. Aliter 23.08, 25 sep 2006 (CEST)
Flinters
bewurkje seksjeIk leau jo witte in ien en oar oer flinters. Ik haw op Flinters in side oer it skift oanmakke, mar ik wit net goed wat der sein wurde kin wat jildt foar alle flinters. Kinne jo faaks ris sjen wat der dêr by kin? Aliter 23.08, 25 sep 2006 (CEST)
In protte flinters
bewurkje seksjeIt is yn oarder dat jo op it stuit allinnich oer flinters skriuwe, hear. At jo dat aardich fine moatte jo dêr gewoan mei trochgean. Al is it sa dat, dat guon Wikipedianen harsels opbaarne, trochdat hja in protte skriuwe, mar allinnich op ien mêd. At hja dan yn ien moanne mear skreaun hawwe as in oar yn trije moannen, dan is it ynienen stop om't hja gjin nocht mear hawwe oan it al te grutte projekt dat hja harsels stelt hawwe. Dat, besykje bygelyks allinnich de flinters yn Fryslân te dwaan, en helpje dan Meidogger:Theun (ús man foar de fûgels) ris mei in pear fûgelsiden, of skriuw ris in lanneside, eart jo mear flinterssiden skriuwe. Aliter 04.24, 1 okt 2006 (CEST)
Ik moat jo faak gelyk jaan, sa ek dizze kear. Er binne safolle flinter famyljes en safolle sub famyljes. Ik kin der wol yn ferslaan. Mar ik gean stadich troch. En miskien skriuw ik oer in pear wiken wol noait wer en miskien fin ik dan ek wol wer in oer onderwerp om oer te skriuwen. We sille wol sjen. Jelle 19.11, 1 okt 2006 (CEST)
Beste Jelle, Moai dat jo it net slim fine dat in oar de stavering fan jo teksten feroaret. At ik wer ris wat sjoch fiel ik my wat frijer om jo te helpen. Groetnis, Kees
Sitter, Willem
bewurkje seksjeIk seach jo hiene in Redirect foar Willem de Sitter oanmakke, no kin in Redirect as W. de Sitter wol brûkt wurde (is net beslist) nedich, mar in redirect Sitter, Willem is net logysk tink ik. Om de keppeling yn de byografylist te meitsjen kinne je better deselde metoade brûke at by de oare nammen, nammentlik troch de tekst fan de keppeling en de tekst dy't sjen litten wurd op de side te skieden.
* [[namme fan de side | tekst fan de keppeling op dizze side]]
foarbyld fan biografylist:
* [[Menno Simons|Simons, Menno]] - ([[1496]] - [[1561]]), Katolyk pryster..ensf.
en dus ek:
* [[Willem de Sitter|Sitter, Willem]] - ([[1872]] – [[1934]]), Wiskundige, astronoom..ensf.
Wat je bygelyks ek noch dwaan kinne at jo in beskriuwingsside fan in persoan makke hawwe is syn berte en ferstjerren op de jier- en datumsiden derbysette.
Ek noch tank foar help by it oanpassen fan de jiersiden. Theun 21.22, 12 okt 2006 (CEST)
Terskelling=Skylge By de beskriuwing fan de ierdbeiflinter stiet dat dizze foarkomt op Terskelling en op Skylge. Mar: Skylge is it Fryske wurd foar Terskelling. Faaks kinne jo ditsels better efkes oanpasse, want op de NL wiky kaam ik der net út wat it wêze maost..Groetnis Swarte Kees 21.19, 13 okt 2006 (CEST) --- parlemoer Beste Jelle, al in moai protsje flinters steane der sa stadichoan by-inoar. In moaie oanfolling fan de Wiky soe'k sizze. De list krijt hieltyd minder reade en mear blauwe letters. By de "parlemoerflinter" kaam it wurdbyld my wat frjemd foar. Soe it ek "pearelmoer" wêze kinne? Hjir ha'k gjin boarnen om dat nei te sykjen. Faaks is der in oar dy't hjir útslútsel oer jaan kin. 16.40, 19 okt 2006 (CEST)~
- De wurdboek hat al parlemoer. Aliter 21.41, 25 okt 2006 (CEST)
Swarte Kees syn oerlis; ynterwiki's
bewurkje seksjeTige tank Jelle, ik heapje dochs dat by Kees binnenboard hâlde kinne. Dy ynterwiki's binne no ien kier ion konfensje. Mar boppedat kinne se tige nuttich wêze at je mear oer it ûnderwerp witte wolle en fine dat der op Wikipedy X te min oer te finen is. De Ingelske of Dútske Wikipedy kin dan noch útkomst biede. Fierders, en dat fyn ik tige wichtich: as men op de Ingelske of Hollânske Wikipedy in ynterwiki tafoeget nei de Fryske Wikipedy, dan wurde der wisse mear potensjeale meidoggers nei fy: lûkt, dy oars net fan syn bestean ofwite soenen! Mei Google of sa komt men ommers net sa hurd op de Fryske Wikipedy út. Steinbach (WanabeFries) 12.46, 20 okt 2006 (CEST)
wâldparlemoerflinter
bewurkje seksjeNo at Swarte Kees it efkens wat rustiger oan dogt, dat ik wie wat flinters oan't nij sjen (net te bot op stavering). No bin ik gjin flinterekspert, mar de wâldparlemoerflinter (Melitaea diamina) is dat dezelfde as de Bosparelmoervlinder (Mellicta athalia of Melitaea athalia) op nl? Theun 22.29, 20 okt 2006 (CEST)
De boskparlemoerflinter en de wâldparlemoerflinter binne ferskillende flinters. As jo goed nei de foto’s sjogge dan binne der dúdlike ferskillen. As ik de flinters yn it fjild sjoch dan wit ik net seker welke wy is. Mar dat wit ik dan wer oan it plak wer ik se sjoch.
- Ik bin der achter. Ik wie yn de war om't op de ingelske side fan de wâldparlemoerflinter (false heath frittailary) de ferkearde interwiki's steane, dat wiene dy fan de boskparlemoerflinter (heath frittailary). Ik haw it no oanpast en ek op :en de ferkearde interwiki's der wei helle. Theun 19.32, 21 okt 2006 (CEST)
stikje
bewurkje seksjeMoai inisjatyf Jelle! Ik ha wat dingen feroare en de stavering neisjoen. It stiet jo fansels frij om der op'en nij wat yn te feroarjen:
De Fryske Taal hat jo help nedich.
Yn 2003 is de Fryske Wikpedy út ein set. Wikipedia is de namme fan in iepen ensyklopedy sûnder auteursrjochten. Eltse besiker kin eltse side bewurkje en it eigen witten tafoegje. De Fryske Wikepedy komt hiel stadich fan’e grûn. Op dit stuit binne der sa’n 3250 siden. Dochs is dit foar sa’n libbene taal eins fierstente min. Yn it nijs hearre wy hoe min it wol net giet mei de Fryske taal. In soad redenen dy’t neamd wurde lizze bûten ús macht. Mar mei de Fryske Wikipedy leit dat oars. As er tûzen minsken alle wiken in stikje skriuwe soene foar de wikipedy, dan stiet de Fryske taal yn de hiele wrâld posityf yn it nijs. De Fryske taal hat in opstekker nedich en dêr kinne jo by helpe.
Giet it Frysk skriuwen jo net sa hiel goed ôf? Der is altyd wol in oare Wikipedy-meidogger dy’t jo dêrmei helpt. Skriuwe jo noch yn de âlde stavering? Oare Wikipedy-meidoggers sette it wol om.
Binne jo mear fisueel ynsteld? By in soad artikels kinne plaatsjes tafoege wurde. Of jo kinne foto’s oanleverje. Net sa goed yn sels stikjes betinke? It oersetten fan Wikipedia-siden út oare talen kin ek.
Net altyd tiid? Wurkje oan de Wikipedia kin 24 oeren deis dien wurde, der binne guon dy’t der ta de nacht út oan wurkje. En jo hoege der fansels de doar net foar út. Ha jo in hobby dêr’t jo oaren oer fertelle wolle? Wolle jo wat oer jo doarp fertelle? Skriuw der oer op Wikipedy.
Wa’t niget oan Fryslân of it Frysk hat kin dat no blike litte. Sa kinne jo mei de rest fan Fryslân de Wikipedy groeie litte.
As jo op ynternet yn de haadbalke fan jo kompjûter http://fy.wikipedia.org/wiki/Haadside yntype dan komme jo op de haadside fan de site. Sjoch ekris wat der al is, der is foar eltsenien wol wat nijsgjirrichs te finen.
Swarte Kees 17.42, 25 okt 2006 (CEST)
- Oars koenen jo hjir in side Wikipedy:Ynstjoerd stik fan meitsje, dat eltsenien der oan meiskriuwe kin. Aliter 21.41, 25 okt 2006 (CEST)
- Wie hawwe ek wolris dwaande wêst oen in parseberjocht, it doel wy itselde en wy woene dy by 2500 siden út gean litte. Trochdat wy mei sa'n gong oer dy 2500 grins hinne gien binne en alle drokte derom hinne is it der doe net fan kaam. Miskien jout dat ek noch ynspyraasje. Ik bin yn elts gefal bliid mei nije meidoggers dy't sa oanstutsen binne troch de wiki dat se der fuort reklame foar meitsje wolle. Ik bin sels ek wer folle aktiever ;). Theun 17.40, 26 okt 2006 (CEST)
Lytse Wite Koalflinter
bewurkje seksjeJo skriuwe dat de Lytse Wite Koalflinter ek op droechten foarkomt. No is "droechte" foar my in wurd foar in ûndjip plak yn it wetter, dat hjir woe ik graach wat mear oer witte. Aliter 19.37, 25 okt 2006 (CEST)
- Geweldich hoe jo it kinne fertelle. In flinter dy’t yn it wetter oerlibbet soe echt in nijtsje wêze. Ik sal it feroarje it moat roechten wêze, mar oft dat wol in Frysk wurd is.... Ik bedoal dermei allegear boskjes, beamwallen. In it Nederlânsk ek wol ruigten neamt. Jelle 21.19, 25 okt 2006 (CEST)
It rûch? Aliter 21.41, 25 okt 2006 (CEST)
- ik soe der "rûchten" fan meitsje
- 21.55, 25 okt 2006 (CEST)~
Rûchte liket my lytser: gers, nôtieren, dat slach. Aliter 21.00, 26 okt 2006 (CEST)
Stânflinter
bewurkje seksjeIk haw de oarsprong weihelle út de definysje fan Stânflinter. Is it sa noch yn oarder? Aliter 05.36, 27 okt 2006 (CEST)
- Ik tink dat jo it op dizze wize goed sein hawwe. It folgjende moat er wol by: de flinter moat it Hiele jier troch oerlibje kinne yn Nederlân, ek de winter. De nûmerflinter is in foarbyld fan in flinter dy’t hiel algemien foarkomt. Dochs is dit gjin stânflinter, de nûmerflinter oerlibbet de winters yn Nederlân net. Jelle 10.48, 27 okt 2006 (CEST)
Ik haw it noch wat oanpast. Ik haw de pratende flinter weihelle en ik haw in posityf foarbyld tafoege. Aliter
Tinke jo der om dat der hjirboppen ek noch wat oar oerlis oan jo side tafoege is? De wiki jout allinnich de alderlêste feroaring; op eardere feroarings moatte wy sels achtsje. Aliter 22.50, 27 okt 2006 (CEST)
Fryske nammen.
bewurkje seksjeAliter of oaren Ik haw in fraach. Hoe witten jim al dy Fryske nammen. Aliter hat by de flinter (elfkes) in list mei nammen tafoege. Ik bin suver jaloersk. Ik moat it faak by Latynske nammen hâlde. Wer helje jim dy nammen wei.Jelle 10.09, 28 okt 2006 (CEST)
- Dy nammen binne meast min ofte mear oersettings. Foar bisten en planten dy't net yn Nederlân foarkomme hat it Biologysk Wurkferbân gjin nammen fêsteld en faak binne der ek gjin oare boarnen mei in Fryske namme. Mar der binne al nammen foar, yn it Latyn en faak yn oare talen, dy't almeast mei help fan Wikipedia of in soartenwebstee wol út te finen binne. Mei dy nammen kinne der dan nammen fêststeld wurde neffens de rjochtlinen fan it wurkferbân.
- Der is al wat romte, fansels. Bygelyks, de Elfkes hjitte yn it Ingelsk "Elfsk", om't it in ferkoarting is fan "Elfske Paazje", en yn it Frânsk "Kabouterkes". "Elfkes" wie myn kar foar in namme dy't yn it Frysk past by flinters. Hoe ek, de wichtichste rjochtline fan it wurkferbân bliuwt fansels dúdlikens. Aliter 18.26, 28 okt 2006 (CEST)
Aureliaflinters
bewurkje seksjeJo hawwe hjir "Skaai: Deipauëachen (Inachis)" weihelle, mar "Skaai: Iisfûgelflinters (Limenitis)" net. Wat is krekt it doel? Aliter 19.46, 28 okt 2006 (CEST) Ik haw se by de juste underfamylje set.Jelle 14.09, 29 okt 2006 (CET)
Beleaning, jim miening
bewurkje seksjeIk wol yts neis yntrodusearje op de Fryske wykipedy. Ik wol Fryske flaggen jaan foar bewizen tsjinsten. Krekt as dat se op de ingelse en Nederlânske wykepedy dogge. Sjoch http://nl.wikipedia.org/wiki/Wikipedia:Sterren_voor_bewezen_diensten.
It grutste probleem foar de Fryske wykepedy is dat er net in hiel soart minsken binne dy’t dageliks of wykliks in stikje meitsje. En de minsken dy’t dan wol wat dogge bliuwe net hiel erch lang. Ik haw de gebrûkers listen besjoen en de skiednis fan de persoanen lêzen. Faaks binne se nei 1 of 2 kear oerlis pleegt te ha fuort. Dat moatte we natuerlik foarkommen. En we moatte probeare om de minsken te hâlden. Ik tink dat in beleaning op hun gebrûkers side kin helpe. it is foar guon minsken in hiele ear om in beleaning te krijen. Miskien wurde minsken dertroch wol prikkele om mear te dwaan. En miskien hâlde se waarme gefoelens oer foar de Fryske wikipedy.
Miskien moat er in pagina komme foar ferskillende flaggen.
Mar ik wol earst jim miening er oer witte.
Dit is de earste flagge. Dizze flagge krije minsken foar algemien tsjinsten.
- Beste Jelle, moai dat jo safolle war dogge om minsken by de Wiky te belûken. In nij inisjatyf is wurdich om oer neitocht te wurden:
Sels fiel ik net safolle foar sokke beleannings. Meidwaan soe fan binnenút komme moatte en net om wat fearren yn it gat te krijen, al hoe goed de bedoelings dêrfan ek binne. Yn sa'n lyts groepke fan Friezen kin soks ek gauris skeane eagen jaan. Elts wit ommers wol sawat wat in oar út'e wei set. En foar waarme gefoelens binne wol oare plakken.. Wy binne op't lêst allegear grutte minsken, hooplik smyt jo ynstjoerde stik wol ekstra meidoggers op. Groetnis, 22.04, 29 okt 2006 (CET)~
- Sjoch ek ris nei:
- Mar mienskipfoarming is yndie in probleem op lytse wiki's. Faaks eat foar de Wikipedy:Oerlisside? Aliter 01.21, 30 okt 2006 (CET)
Miskien hawwe jim ek wol gelyk. It is wat berneftich om elkoar belienings te jaan. Sa as swarte Kees prachtich seit: Meidwaan soe fan binnenút komme moatte en net om wat fearren yn it gat te krijen, al hoe goed de bedoelings dêrfan ek binne. Ik haw al wer wat oars betocht, mar ik moat dit noch fjirder útwerke. Yn els gefal tanke wol foar jim miening. Jelle 17.00, 30 okt 2006 (CET)
Neffens my moatte wy wol besykje minsken te stimuleare op de Frysk Wikipedy te skriuwen. Neffens my in goed inisjatyf. Kening Aldgilles 19.09, 04 jan 2007 (CET)
List fan planten en poddestuollen
bewurkje seksjeHi Jelle,
Jo hawwe op in grut tal siden fan planten under it kopke Sjoch Ek, de List fan planten en List fan Poddestuollen en Swammen taheakke. It is tink ik wat nûver om hjir de list fan poddestuollen by te setten. Ommers de poddestuollen steane qua taksonomyske yndieling like tichteby it Planteryk as by it Diereryk. Ik is tink ik better om de List fan poddestuollen allinich by de poddestuolsoarten te setten. Groetnis, Theun 14.13, 3 des 2006 (CET)
Jo hawwe gelyk. Ik haw der net goed oer neitocht. Ik sal it wer feroarje. Ik fyn dat we de listen wol sa folle mogelik brûke moatte. Ik fyn se moai en handig. Jelle 20.10, 3 des 2006 (CET)
Goeie Jelle, wat in ferhipte aardige útwreiding fan it Folksliet mei de muzyk der by! It makket de Wikipedy noch folle moaier. Groetnis, Swarte Kees 11 des 2006, 19.06 (CET)
Haadside
bewurkje seksjeGoeie Jelle,
Ik fyn it prachtich dat jo sa entûsjast binne mar wy moatte ek gjin wurk dûbel dwaan, ik haw it idee dat jo side Wikipedy:Klik hjir, eins al in selde soart side op ús wiki hat, nammentlik de Wikipedy:Mienskip side. Ek jo side Wikipedy:De belangrykste tips hat tink al in selde soart side troch Aliter oanmakke nammentlik Wikipedy:Brân mar los.
Ik fûn sels sa at Aliter it opset hie wol dúdlik, mar at jo saken misse mar toch op inselde soarte fan siden útkomme moatte we útsykje wat der krekt oan mankearret en dat oplosse tink ik. Mei wat oerlis moatte wy der wol útkomme.
- Ik haw de siden mar efkens yn de Wikipedy nammeromte set om't soksoarte siden dêr thúshearre (en de siden mei de ferkearde nammen wiske).
- De side Wikipedy:Klik hjir hat tink in net in goeie namme. Mar ik krij ek it idee dat de teksten yn it foargeande stikje fan Aliter jo net stimulearre hawwe om dêrop te klikken en te sjen wat dêr stiet, dus miskien moat sa'n soarte fan link der wol by (mar dan wol leafts ferwize nei in side dy't oars hiet as Klik hjir. Theun 3 jan 2007, 21.38 (CET)
Hoi Theun. Ik tink dat we de Wikipedy: klik Hjir en de wikipedy mienskip ynelkoar moatte dwaan. De stikjes fan Aliter binne hiel dúdlik, mar se binne oooh sa lang. In soart minsken hawwe gjin ferlet om hiele teksten troch te spitten. It moat hiel simpel útlein wurde. Koarte stikjes mei dúdlike teksten. De wikipedy mienskip moat sa makke wurde dat minsken sich rôpt fiele om te skriuwen. Ek moat er wat tsjinoer stean. Dat is dan ekstra kennis wat jo opdogge mar ek it frysk skriuwen sal snel ferbetterje.
Jo hawwe hielendal gelyk as jo fine dat de nammen net goed binne. Mar as wy de twa siden ynelkoar heakje dan wurdt it Wikipedy: Mienskip. As jo tinke dat it oars moat, of as jo foto’s net moai fine, reach er asjeblyft yn om. We moatte in sa’n moai en dúdlik mogelike haadside meitsje mei in goeie útlis. Jelle 4 jan 2007, 17.00 (CET)
Goeie Jelle en Theun |
---|
Ik haw op it ûntwerp nije haadside in pear bewurkingen dien. Wy moatte neffens my nei de gruttere wikipedy's sjen en net alles sels op 'e nij útfine. Ik fyn benammen de râne om de tekst wichtig (koprâne), mar wy sille lykas altyd demokratysk ta in beslút komme.
|
Vasco da Gama
bewurkje seksjeGoeie Jelle,
Efkes in fraagje oer de side oer Vasco da Gama. Hjir skriuwe jo 'Fan dy tiid ôf wiene de potugeeske ûntdekkingsreizgers ûnbelangryk west.' Wat bedoele jo hjirmei en kloppet dit wol. Foar dy tiid wie Portegal it belangrike lân fan ûntdekkingsreizgers, op oantrunen fan Hindrik de Seefarder. Mar nei Kolumbus hawwe se noch in hiele bulte oare ûntdekkingsreizgers hawn, Vasco fansels mar ek Ferdinand Magellaan. Neffens my kin dy sin der better út, of sjoch ik wat oer de holle? Theun 23 jan 2007, 20.18 (CET)
- Jo hawwe gelyk. It moat net wêze ûnbelangryk mar belangryk. Wat twa letters wol net kinne dwaan by in wurd. Goed dat jo it noch in kear oerlêzen hawwe. Groet Jelle 23 jan 2007, 21.02 (CET)
Prins Maurits
bewurkje seksjeHoi Jelle,
Mooie siden oerset, allinnich ik haw wol it idee dat de Side Maurits van Oranje, Maurits fan Oranje wêze moat, jo skriuwe dêr sels ek al Prins fan Oranje yn it begjin. (Dit is fansels altiten lêstich te bepalen at je net folle boarnen hawwe dy't yn it frysk hjiroer skriuwe).
- Ek as jo sjogge hoe at wy no mei fan Oranje en fan Nassau brûkt hawwe, sjoch bygelyks Willem Loadewyk fan Nassau.
- At jo de interwikis fan Maurits besjogge, kin je sjen dat yn hast eltse taal de namme oanpast is (de:Von Nassau, en: of Nassau, da: af Nassau ensfh.). Ferlykje bygelyks mei Johan van Oldenbarnevelt, dêr 't alle siden op de oare wikipedyen presys deselde namme hawwe.
Groetnis Theun 5 feb 2007, 22.01 (CET)
Sa mar even
bewurkje seksjeHoi Jelle,
Ik bin bliid dat jo hjir wêr wat aktyf binne, ik wie al bang dat jo hielendal gjin nocht mear hiene. It wurk is hjir fansels gjin ferplichting en at je in skoftsje gjin sin hawwe hindert neat, komt fansels wer. Theun 31 mai 2007, 21.34 (CEST)
Wierdplant
bewurkje seksjeHoi Jelle,
Ik haw jo stikje oer de Sompeparlemoerflinter efkes neisjoen. Hjir hawwe jo it oer in wierdplant, ik nim oan dat jo in oersetting fan it nederlânske nl:Waardplant bedoelden. No is in waard yn de betstsjutting fan gasthear/kastlein, weard yn it frysk dat ik haw der mar weardplant fan makke. Jo hawwe it ek wol gauris oer dat de flinter fleant yn ien of meardere generaasjes, no bin ik net sa op de hichte mei wat dit betsjut en ik tink meardere minsken, miskien in idee om dat op de side oer de flinters ek út te lizzen. Theun 10 jun 2007, 21.33 (CEST)
In kategory foar( )nammen
bewurkje seksjeHallo Jelle, is it in idee en nim de kategory:Foarnamme op yn de kategory:Namme? Oars krije alle fornammen deselde dûbelde kategory. Mysha Moat it kategory:Namme wêze of kategory:Nammen? Mysha
Berjocht:dyn
bewurkje seksjeNeffens my is der neat weirekke. Ik haw de skiednis fan it berjocht neisjoen, en der ûntbrekt neat oan. Ik haw inkeld mar de staveringsflaters ferbettere. Kening Aldgilles 17 07 07 12:53 CET
stavering
bewurkje seksjeHoi Jelle, ik woe tsjin dy sizze dat in tekst goed op staveringsflaters neisjen foar my in bult wurk ynhâld en dan noch sjuch ik flatters oer de holle. Ik skreau leaver sels de tekst en hopje dat in oarenien de flaters derút hellet. Mar net eltsenien hat der noch yn. Betiiden wit ik sels ek net op hokker wize in wurd skreaun moat wurde en in wurdboek jout net altiten de oplossing. Ik tink dat ik yn septimber mar in kurus gean folgen. Geoffrey 24 jul 2007, 13.36 (CEST)
Stavering 2
bewurkje seksjeHoi Jelle,
Efkes in pear opmerkings oer de stavering wat wol gauris ferkeard giet by jo (nei oanlieding fan Paulus).
- it nederlânske zich wurdt yn it frysk net sich mar himsels of harsels ôfhinklik fan oer wa it giet. Dus net Hy hat sich ... mar hy hat himsels ...
- jo hawwe wol gauris de folchoarder fan de tiidwurden ferkeard.
- Hy hat sich kinne beroppe -> Hy hat himsels beroppe kinnen
- Sjoch foar útlis op [digiskoalle] -> ferskaat -> twadde faze -> tiidwurden. Hjir stiet in útlis tiidwurdfolchoarder (14,15 en 16).
- In protte minsken dy't frysk prate brûke de tiidwurdfolchoarder tsjinwurdich ek krekt as yn it nederlânsk wat wol spitich is (en hielendal ferkeard fansels). Ik haw it idee dat dizze regels yn it frysk wol aardich oerienkomme mei sa as it Dútsk dit docht mar dêr kinne wol ferskillen yn sitte.
- (Geoffrey docht it hjirboppe ek ferkeard, in kursus gean folgen -> in kursus folgjen gean).
Fierders soe ik sizze gean sa troch, de bêste manier om te ferbetterjen is it in protte te skriuwen (en derby fansels wol de staveringsregels as it wurdboek derby pakke at je twifelje). Sa doch ik it sels ek. Theun 27 jul 2007, 21.37 (CEST)
Stavering 3
bewurkje seksjeHoi Jelle,
Staveringsflaters binne net slim mar kinne wol flaters 'ta de macht safolle' wurde as se foarkomme yn links. It is prachtich datsto (ik doch dus net oan jo) sa produktyf bist mar ik woe dy freegje ast it goed fynst oft ik dy (noch net besteande) links neisjoch op flaters. Se falle moai gau op, want binne read dus in soad wurk is it net. Ik hear it wol. --romke fan tomke 15 okt 2007, 22.07 (CEST)
- Hoi Jelle, dêr bin ik nochris. Ik hoopje net datst my myn foarige bydrage kwea ôf nimst. Ik sjoch no dat it by dy benammen om korreksjes fan artikels giet en faaks bist dêr hielendal de oarspronklike auteur net fan. En ik wit wol dat elk alles feroarje mei, mar it like my wol sa fatsoenlik dat earst efkes te freegjen.--romke fan tomke 15 okt 2007, 22.48 (CEST)
Flinters
bewurkje seksjeHoi Jelle,
Ik seach dat jo by de Flinters in tal soarten ferwidere hawwe om't dêr neffens jo gjin ynformaasje oer te finen is. Ik nim oan dat it net sa is dat dy flinters net besteane, dan kinne se dochs wol yn dizze list stean bliuwe, se steane net yn it paad. Miskien dat in oar as josels oer in skoftsje hjir wol ynformaasje oer hawwe, dan komt it fansels. Theun 19 okt 2007, 21.33 (CEST)
Jo hawwe gelyk. Ik hoop dat er snel ien komt om de ynformaasje te jaan. Groet Jelle 19 okt 2007, 21.54 (CEST)
Plaatsjes
bewurkje seksjeJûn Jelle, Tige tank foar it opladen fan de plaatsjes by de beskerme steds- en doarpsgesichten. Ik haw krekt oan Theun útlein dat ik faak mei oersetten of kategoryen opsykjen tsjin plaatsjes oanrin. Dan ha'k einlik net folle nocht om út te sykjen hoe't ik de plaatsjes dochs te plak krije kin. Moai dat jo dat alle kearen dogge. Ik hie lêstendeis trouwens de yndruk dat jo de foto's Eagmaryp sels makke hienen. Dan is it hielendal moai om te sjen dat der samar plaatsjes steane fan eat dêr't men net op rekkent. Sa helpe wy meiïnoar de wikipedy in moai ein foarút. Tige tank, Groetnis, Swarte Kees 19 okt 2007, 22.28 (CEST)
Siden wiskje
bewurkje seksjeDizze twa binne stean bliuwen by it wiskjen:
- Greft (Pean)- Stiet al langer op de wisk list. Jelle 14 okt 2007, 18.45 (CEST) - Grûn noch net bekend. Aliter 14 nov 2007, 00.44 (CET)
- Kategory oerlis:Stêd yn Gelderlân Jelle 14 okt 2007, 18.45 (CEST) - Grûn noch net bekend. Aliter 14 nov 2007, 00.44 (CET)
Ik haw der gjin probleem mei dy daalks noch te wiskjen, at de grûn net te kontrofersjeel is, mar wat wie dy grûn? Aliter 14 nov 2007, 00.52 (CET)
Coopersburg
bewurkje seksjeJûn Jelle, Jo hawwe al in pear dagen skoft holden, ik hoop gau wer ris wat fan jo te lêzen of te sjen, want ik haw in putsje foar jo. Ik ha krekt wat plaatsjes opladen oer Coopersburg en FH Kuipers yn Akkrum. Mar no wit ik net krekt hoe't ik dy ôfbylden by de artikels krij. Soenen jo dat ris foar my dwaan wolle? It tsjeppet der grif fan op. Swarte Kees 16 des 2007, 19.31 (CET)
Eiffel
bewurkje seksjeHartstikke moai dat jo der wer binne. No is yn it stikje oer Eiffel in wurdsje weifallen yn it boppeste stik. Dat sil wol it wurdsje heit wêze tink? Groetnis, Swarte Kees 27 des 2007, 10.01 (CET)
In útsûnderlik wolkom
bewurkje seksjeDat wolkom dat jo op Meidogger oerlis:T. Tichelaar delsetten hawwe, dat is it wolkom fan de haadside. Faaks is dat net it bêste dat men op in oerlisside skriuwe kin. Aliter 26 okt 2008, 22.22 (CET)
Dat der gjin berjocht is as wolkom foar nije meidoggers is om't de lju dy't gauris in wolkom skreaunen fûnen dat hja leaver net in standertberjocht skreaunen, mar leafst wat dat paste by de sitewaasje. De iene nije meidogger is no ien kear in wikibeet, wylst de oare in wikinaut is. Dan is it ienfâldiger om wat oer te nimmen fan in oar wolkom en dat te feroarjen. Mar at jo dat oars sjogge: Fiel jo frij ... Aliter 27 okt 2008, 21.08 (CET)
Wiky-nocht
bewurkje seksjeHoi Jelle, spitich genôch lês ik net sa faak mear bydragen fan dyn hân. Is dyn wiky-nocht wat yn de bedel telâne? Ik merk by mysels ek wol gauris dat it sa no en dan minder wurdt. Mar sa jûns fyn ik meastentiids wol wat ynspiraasje. Op it stuit hâld ik my wat dwaande mei de siden fan de moanne en wisten jo dat en kom derby wol gauris siden tsjin dêr't sto de oersetting fan dien hast. Do hast al in soad wichtige artikelen bydragen. En hooplik bleaut dat noch lang trochgien. Groetnis --Geoffrey 7 jan 2009, 21.52 (CET)
Ried fan de Fryske Beweging
bewurkje seksjeHey, what's up? I think you're Jellefrl on Aragonese Wikipedia, aren't you? So, here's your request ;-)... And then, I'm wondering if you could writte something about Academia de l'Aragonés for example in your beautiful language :-D...Thanks and regard from Aragon. --Willtron 18 okt 2009, 23.02 (CEST)
Fotolisinsjes
bewurkje seksjeDei Jelle, ik wit net oft jo de petearen dizze wike wat folge hawwe oer de lisinsjes. It liket der op dat Commons allinnich foto's opnimt mei in dûbele lisinsje: [{{Auteursrjocht standert}}], oars lykje se wiske te wurden. No steane op [1] ek foto's eigenwurk fan jo, bg fan Eagmaryp, mar ek mear. No wit ik net krekt hoe't dit fierder gean sil, mar it jaan fan in dûbele lisinsje kin grif gjin kwea.. Groetnis, Kees
Fernijde haadside en in fernijd haadtema
bewurkje seksjeIk ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.12 (CET)
Topsiden
bewurkje seksjeBêste Jelle,
Der mei wer stimd wurde.
Wikipedy:Kandidaatsiden
Mear topsiden? Der stean ek noch siden yn de artikelhifker.
Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 1 apr 2012, 16.31 (CEST)
Bestannen oanbiede, Wizard uploade?
bewurkje seksjeHello! Sorry for writing in English. As you're an administrator here, please check the message I left on MediaWiki talk:Licenses and the village pump. Thanks, Nemo 18 sep 2014, 21.22 (CEST)
Global account
bewurkje seksjeHi Jelle! As a Steward I'm involved in the upcoming unification of all accounts organized by the Wikimedia Foundation (see m:Single User Login finalisation announcement). By looking at your account, I realized that you don't have a global account yet. In order to secure your name, I recommend you to create such account on your own by submitting your password on Special:MergeAccount and unifying your local accounts. If you have any problems with doing that or further questions, please don't hesitate to contact me on my talk page. Cheers, DerHexer (talk) 15 jan 2015, 01.18 (CET)
Uw administrator status op het fy.wikipedia
bewurkje seksjeHallo. Een beleid betreffende de verwijdering van 'extra rechten' (administrator, bureaucraat, etc.) is in 2013 ingevoerd door gemeenschappelijke overeenstemming. Naar aanleiding van dit beleid onderzoeken beheerders de activiteit op wiki's zonder inactiviteitsbeleid.
U wordt beschouwd als inactief (niet wijzigen of inloggen voor 2 jaar) op de wiki hierboven. Aangezien die wiki geen eigen proces heeft voor de beoordeling van rechten, wordt the algemene toegepast.
Als u uw rechten wilt behouden, zult u de community moeten informeren over het feit dat de beheerders u informatie hebben gestuurd over uw inactiviteit. Als de community er over gediscussieerd heeft en ze willen dat u uw rechten behoudt, neem dan contact op met de beheerders. Stuur een link mee met daarin de discussie, waarin wordt uitgesproken dat de rechten behouden zouden moeten worden.
Als u uw rechten wilt terugtrekken, kunt u dat doen door hier te reageren, of bij Meta een verzoek tot verwijdering van de rechten indienen.
Als er na een maand nog geen antwoord is, zullen beheerders verdergaan met het verwijderen van de administrator en of bureacratenrechten. In ambigue zaken zullen de beheerders de reacties evalueren en de beslissing naar de community terugkoppelen voor commentaar en review. Als u vragen heeft, neem dan contact op met de beheerders.
Thank you. --MarcoAurelio (oerlis) 9 apr 2018, 17.10 (CEST)