Boskplakflinter

(Trochferwiisd fan Boskparlemoerflinter)

De boskplakflinter (Melitaea athalia) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymphalidae).

boskplakflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai echte plakflinters (Melitaea)
soarte
Melitaea athalia
Rottemburg, 1775
IUCN-status: net bedrige

De boskplakflinter komt yn Nederlân allinnich noch foar op de Feluwe (2006). Yn 1995 is de flinter noch útset tichteby Súdlaren, mar de flinter komt der net mear foar. Se bine te finen by boskrânen, kapflakten, greiden en bermen. Se libje meastal in lytse groepen. Se binne honkfêst.

Op de Nederlânske reade list stiet de Boskplakflinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

De wjuklingte is 16 oant 21 mm. De boppekant fan de wjukken sit fol mei patroanen mei in soart oranje brún. De swarte linen binne ûngeregeld. Op de ûnderkant fan de foarwjuk binne moanneplakken fan ferskillende grutte.

De boskplakflinter is te sjen fan heal maaie oant begjin augustus, foaral tusken 20 juny oant 10 july. Der is ien generaasje.

De rûp kin likernôch 30 mm lang wurde. It liif is swarteftich mei in soart grize plakken. Op de rêch hat de rûp oranje knobbeltsjes mei swarte boarstels. De rûp oerwinteret as Healwaaks rûp, yn nêsten, soms ek wol allinnich. In protte rûpen oerlibje de winter net. In lyts part giet in it foarjier fierder mei iten en ferpopkjen. Yn it foarjier waarmje de rûpen har op en begjinne dan mei groeien.

De rûp fret swartkoarn en weversblêd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje