Lytse wite koalflinter

(Trochferwiisd fan Lytse Wite Koalflinter)
Lytse wite koalflinter
Kleiner Kohlweissling Pieris rapae 2.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Koalflinters (Pieris)
soarte
Pieris Rapae

De Lytse Wite Koalflinter (Pieris rapae) is in soarte yn it skaai fan de Koalflinters (Pieris).

FoarkommenBewurkje

De Lytse Wite Koalflinter libbet yn tige ferskillende biotopen, lykas drûchten, tunen, diken, blomrike greiden en boskrânen. De Lytse Wite Koalflinter is yn Fryslân tige algemien.

FlinterBewurkje

De wjuklingte is 21-27 mm. It mantsje en it wyfke hawwe beide twa swarte plakjes op de foarwjukken. By it wyfke binne de plakken in bytsje grutter.

FleantiidBewurkje

De flinter is te sjen fan begjin april ôf oant ein juny, en begjin july oant heal augustus. Dat jildt foaral foar de twadde helte fan juny. De Lytse Wite Koalflinter fleant soms yn trije en soms sels yn fjouwer oerrinnende generaasjes.

RûpBewurkje

De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is blau-eftich grien en bedutsen mei fine, lytse swarte stipkes. De gruttere rûp fret foaral út it hert fan de Koalplant; sadwaande kin er grutte skea feroarsaakje. Túnkers binne dan ek net wiis mei dizze rûp. De groei fan de rûp fynt foaral plak yn de simmer. De rûp ferpopket him meastentiids ûnder in keunstmjittich dakje fan stiennen of planten. Der oerwinterje gjin flinters, allinnich poppen.

De rûp fret in soad Krúsblommigen lykas Koal, Damastblom, Wyld Koalsied, Dúnkoalsied, Radys, Pinksterblom, Judaspeinje, Wylde Reseda en Giele Reseda.

Sjoch ekBewurkje