Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Temasiden2: nije seksje
Rigel 275:
Goeie Kees, ik wie it stikje fergetten. Fraach: myn Dútsk is in soarte fan Bargedútsk, soene jo it oersetten dien meitsje wolle? Groetenis, [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 1 apr 2012, 15.33 (CEST)
:Myn Dúts wurdt troch de bargen net iens ferstien,--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 1 apr 2012, 15.58 (CEST)
 
== Temasiden2 ==
 
:Bêste Kees,
:Ik fyn de nije temasiden net allegear in ferbettering. By it tema Europeeske Uny sjoch ik in Europeeske flagge dy't fierstente grut is en boppedat ek noch net iensen kreas yn syn boks past want hy hinget tsjin de bopperâne. Dan by it tema literatuer rint in plaatsje sa ynienen oer yn in oare boks, it past dus gewoan net. By it tema 'Minske en Mienskip' stean lyntsjes ûnder de titel fan elke boks, en dat wykt ôf fan de measte besteande temasiden (dy lyntsjes kinne foar siden brûkt wurde). Dan noch it tema Feriene Steaten, de âlde fûn ik aardich better. By it tema prehistoarje sjoch ik in boks yn in boks en it iennichste berjocht op de side hat in oare breedte as de beide oare boksen op de rjochterkant....
:Sorry Kees, do meist it der om my op sette, mar ik fyn it abslút gjin ferbettering. Ik fyn it skande fan de tiid en al it wurk datsto derfan hân hast, mar it giet úteinlik om de Wikipedy. Ik hoopje datsto sels wol ynsjochst dat brike berjochten, plaatsjes dy't net yn in boks passe, en tefolle detail gewoan gjin ferriking binne. It liket wol as wolsto mei alle geweld de nije opset foar de temasiden brûke. Dat dogge se op oare Wikipedia's ek net, der binne ferskillende opsetten foar in temaside. De âlde opset fan bygelyks de Feriene Steaten fûn ik aardich wat better as dyn foarstel.
:Ik wol dy net misledigje, mar ik woe wol earlik nei dy ta wêze. Asto wolst kin ik wol mei dy meisjen. It spyt my fan myn skelle lûd. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|talk]]) 6 apr 2012, 15.25 (CEST)