Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 6:
 
== Libben ==
Gysbert Japiks kaam fuort út de foarname Boalserter boargerij. Syn heit, Jacob Gysberts, wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Japiks folge de Latynske skoalle en waard ûnderwizer, earst yn Wytmarsum (1625) en letter yn Boalsert (1637).<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
 
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
Rigel 12:
Yn de jierren 1646 oant 1648 hold [[Franciscus Junius]] mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de Bodleian Library te Oxford telâne. Sa generearre Gysbert Japix ynternasjonale belangstelling foar it Frysk. Japiks krige ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]], dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.
 
Gysbert Japiks en Sijke Nicolai krigen seis bern,. dy 't mei útsûnderingFiif fan desyn âldsteseis soan,bern Salves,binne allegear op jonge leeftydjong stoarn binne. Suver tagelyk mei Gysbert Japiks, stjert ek syn frou yn 1666 oan de [[pest]]. Koart nei de dea fan Gysbert Japiks en Sijke Nicolai kaam ek harren soanâldste en iennichst oerbleaune bern Salves te ferstjerren.<ref>[http://depot.knaw.nl/8737/1/LG2003DeVondel0693_001.pdf Artikel oer Japiks yn it tydskrift 'Oude Muziek']</ref>
 
== Wurk ==
Rigel 28:
 
Gysbert Japiks wie ek foarsjonger yn de [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]] fan Boalsert. Yn it lêste part fan de Friesche Rymlerye binne de mear as fyftich Fryske psalmeberimings fan Gysbert Japix gearbrocht, dêr 't de Boalserter dichter paadsljochtsjend wurk mei dien hat foar it brûken fan it Frysk as tsjerketaal.
 
== Priuwke ==
Hjirûnder stiet it earste fan de fjouwer kûpletten fan Gysbert Japiks syn liet 'Wolkom freugde fan 'e wrâld':
{|
|-----
|
:''Wol-komm' freugde fenne Wrâd,''
:''Haed-ljeacht oerre Stierren,''
:''Griente, Kruwd in Blomme-Fâd,''
:''Mietter fen uwz jieren,''
:''Hijmmel-eag dy 't al oer-sjocht''
:''Dy uwz Dauwe in Miste' ontjocht''
:''Dy uwz 't fjild bemiellet,''
:''Ja mey goud oer-striellet.''
||||||||||||||||||||
:''Wolkom freugde fan 'e wrâld,''
:''haadljocht oer de stjirren,''
:''griente, krûd blommefâd,''
:''mjitter fan ús jierren,''
:''himeleach, dy't al oersjocht''
:''dy ús dauwe en mist ûntsjocht''
:''dy ús 't fjild bemielet.''
:''Ja, mei goud oerstrielet.''
|}
 
*De tekst út de linkerrige is it orizjineel fan Japiks.
*De tekst út de rjochterrige is yn de moderne stavering skreaun.<ref>De tekst yn de moderne stavering komt út it ''[[Frysk Lieteboek]]'', Afûk, Ljouwert, 2000 (s. 42)</ref>
 
== Betsjutting ==