Marijke Jongbloed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
L lyts guod
Rigel 1:
{{stavering}}
[[Ofbyld:Marijke Jongbloed 1249.jpg|thumb|''Marijke Jongbloed'']]
'''Marijke Jongbloed''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[1956]]) is in [[Nederlân]]ske dokumintêremakster.
 
Jongbloed kiest ideeën, ûntwikkelt in konsept, regissearret en docht de ôfwikkeling oant it sykjen fan in distribúsjekanaal. Dat kin in ''ferkeapagint'' wêze, it oanleverjen fan in bioskoopferzje middels in distributeur oant en mei in dvd-ferzje. Bekend binne ''Stap voor Stap'', ''Fatal Reaction'', de rige ''NYC, Singapore, Bombay en Moskou'', ''Beyond Reason'', ''Smile & Wave'' en ''Dans voor het Leven'' (''Living the Dance''), de dûnstrilogy basearre op har twa eardere films ''Stap voor Stap'' en ''De Volgende Stap''.<br>
As ûnôfhinklik filmmakster wie Marijke Jongbloed ferantwurdlik foar programma's as ''Het Uur van de Wolf'', ''Hartfilm'' en ''Dans voor het leven''.
 
GroeideSy groeide op yn [[Hallum]] as neikommerke yn in húshâlding fan fiif bern.; Harhar heit waard dêr haad fan de kristlike skoalle. Op har trettjinde begjint se te fotografearjen en nei har eineksamen oan it [[Lienward College]] gie se nei [[Grinslân]] dêr't se twa jier by in yndustrieel fotograaf wurke yn [[Hoogezand]]. Tsjin it sin fan har heit gie se fan [[1976]]-[[1980]] nei de Nederlânske Film en Televyzje-akademy yn Amsterdam en folge in tal workshops en trenings.
 
Har eineksamenfilm ''Stap foar Stap'' joech in soad opskuor. It wie foar de earste kear dat der dwers troch de balletspegel hinne filme waard en de skaadkanten fan de balletwrâld oan bod kamen. Dat kaam hurd oan omdat de oant doe beskerme balletwrâld har sels leafst as licht, estetysk en high culture seach, wêryn alles tastien wie om ta dat hegere doel te kommen. De film waard ynstjoerd as Nederlânske dokumintêre-ynstjoering foar de Oscarnominaasjes yn [[Los Angeles]].
 
Yn [[1989]] wûn se de senariopriis op it [[Ynternasjonale Dokumintêre Festival yn Amsterdam]] (IDFA) oer de keunstwrâld yn [[New York]], (''Art Merry-go-Round''). Films fan har waarden útbrocht foar de bioskoop, eardat de meast ferkoarte ferzje op televyzje útstjoerd waard. Yn [[1996]] wie de premiêre fan it fjouwerlûk 'Fatal reaction' op it [[Nederlânsk Filmfestival]] yn [[Utert (stêd)|Utert]]. Dêrnei joech se noch les op de Filmakademy.
 
Neist films meitsje wurke se ek in soad foar televyzje. Sa wurke se foar VPRO ''Diogenes'' en makke se foar de HOS koarte reportaazjes, fan de lêste revolúsjes foarôfgeand oan de fal fan it Izeren Gerdyn oant it folgjen fan strjitbendes.