Santiago de Compostela: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: su:Santiago de Compostela
oanrf
Rigel 1:
[[Ofbyld:Basílica de Santiago 02.JPG|thumb|Santiago de Compostela]]
'''Santiago de Compostela''' (letterlik oerset: ''Sint Jabik fan Kompostela '') is de haadstêd fan [[Galysje]] ([[Spanje]]). As gemeente hat Santiago de Compostela 92.298 ynwenners ([[2004]]).
 
== Beafeartsoard ==
Santiago de Compostella is ien fan de wichtichste kristlike [[beafeart]]soarden. Foar [[Pilgrim]]s út hiel Jeropa is de stêd de ein fan harren [[kuiertocht]].
Dy kuiertocht wurdt neamd de ''"Camino de Santiago"'' (It paad nei Santiago). Pilgrims op wei nei Santiago binne herkenber oan de [[Pecten jacobaeus|sint-japiksskelp]] dy't se dragen, it teken fan de hillige Japik. De skelp hiet yn it Latyn ''Pecten jacobaeus'', yn it Dútsk ''Pilgermuschel'' (pilgrimsskelp) of ''Jakobsmuschel'' en yn it Frânsk ''coquille Saint-Jacques''. De skelp wurdt dragen mei de sluting nei boppe. Dat dier wurdt by de Galysyske kust lâns kweekt en is ûnder de namme ''vieira'' yn de Galysyske restaurants in gewilde delikatesse. It paad nei Santiago (yn it Spaansk ek wol 'el camino'; it paad neamd) hat in protte fan dy tradysjes. Sa litte pilgrims in fan hûs meinommen stien efter by "Cruz de Ferro" dêr't sy symboalysk harren sonden mei ôflizze en (letterlik) ferljocht harren paad ferfolgje.
 
 
[[Kategory:Spanje]]