Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
25.000 siden
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 22:
 
::::Minsken, de side oer [[Wikipedy:Putsje/Apollo 11|Apollo 11]] is aardich folslein wurden, tinkt my. Ik soe graach dy side útstelle wolle as de 25.000e side fan ús Wikipedy. Mar allinnich as oare meidoggers gjin bettere alternativen hawwe. As der al oare útstellen foar in 25.000e side binne, lit it dan hjir efkes witte sadat wy dan noch in stimming hâlde. Ik ferwachtsje dat wy yn juny noch oan de 25.000e side ta komme, dat de tiid driuwt. Fierders moatte wy noch in parseberjocht meitsje. Wa docht dat? Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|talk]]) 7 jun 2012, 22.29 (CEST)
:::::Sûnt de lêste tasizzing [http://fy.wikipedia.org/wiki/Meidogger_oerlis:Kening_Aldgilles#Temasiden_2 hjir] fan Aldgilles ha'k in moai skoft ôfwachte mar dochs ek in bytsje trochpield doe't it my te lang duorre. No't ik dy siden der hjoed by setten haw blikt de teller oer de 25.000 gien te wêzen. By weromtellen moat dat [[Doch it foar dyn doarp]] west hawwe. Apollo 11 is wol in aardich stikje, mar dat sil no efkes wachtsje moatte oant de 30.000e side. It parseberjocht waard eartiids troch Mysha opsteld, mar dy hat al al skoft net op 'e lapen west. In berjocht hoecht der om my ek net te kommen, in wikipedy moat himsels bewize. --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 8 jun 2012, 11.57 (CEST)
 
== Ingelske ynslûpsels ==
It foel my hjoed op dat in tal bewurkings op de Wikipedy ynienen yn it Ingelsk binne.
Foarbylden:
* nei omneamen: bg. moved page De Haspel to De Hispel ‎(Frysk)
* talk ynstee fan Oerlis yn : Swarte Kees (talk) 2 mrt 2012, 17.39 (CET)
by Aliter soe grif de grize oer de grauwe gean. Wy moatte wol baas op eigen hiem bliuwe en hoege ús dan net te ferbrekken mei Ingelsk: Hoe soe dit komme en soe hjir net wat oan dien wurde moatte? Wa soe ús dan helpe kinne: Aliter of Wutsje of ...? --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 2 mrt 2012, 18.51 (CET)