Rotstekening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:غارنگاره
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
De [[Kro-Magnonminsk]] wie de earste minsk dy't besocht hat de wrâld om him hinne, benammen besteande út bisten dêr't er op jage en foarwerpen, wer te jaan middels gravueres op de wannen yn hoalen en spelonken. Hjoed binne hûnderten gravueres bekend op rotswanden, meastentiids yn grotten fan [[mammoeten]], [[oerokse]]n, [[wolhierrige noashoarn]]s, [[hynder]]s, [[Ko|kij]], [[hart]]en en sa, datearjend tusken de 30.000 en inkele tûzene jierren ferlyn.
 
Yn in grot yn ''[[Altamira (grot)|Altamira]]'' (Spaanske [[Pyreneeën]]) is in tekening fan in ''[[Bison]]'' fûn op de souder skildere yn helder read, brún en swart. De kleuren binne noch hieltyd goed te sjen en amper dizenich wurden sûnt se op de rotsen oanbrocht waarden. Foar in diel is dat te tankjen oan it tsjuster en de evenredige temperatuer.
 
Ek yn grotten yn de [[Dordogne]] (b.g. fan ''[[Lascaux (grotten)|Lascaux]]'' by [[Montignac (Dordogne)|Montignac]]) binne grotskilderingen ûntdutsen fan ''bizons'', ''hynders'' en ''herten'' yn swart, giel en read. Oare grotten hawwe ôfbyldings fan folsleine jachttaferielen. Apart is dat de minsk sels sawat ûntbrekt op de skilderingen (inkeld wat skematysk foarsteld), wylst de bisten faak libbensecht en yn karakteristike hâldingen ôfbylde wurde. De ierste ôfbylden fan minsken op rots binne fûn yn de [[Sahara]] fûn en datearje út de saneamde 'Rûnekop-perioade', dy't likernôch 10.000 jierren lyn begûn.
 
Ien fan de gebieten yn de Sahara dêr't in protte skilderingen fûn binne is it [[Tibesty berchtme]]. Op mear as fjouwerhûndert plakken binne goedlikernôch 500.000 ôfbyldingen te finen dy't mei-elkoar in goeie ympresje jouwe fan it libben yn de [[Neolitikum|Lette Stientyd]].
 
== Technyk ==