Willem de Sitter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 3:
De Sitter is berne yn Snits yn ien fan'e huzen neist de [[Snitser Wetterpoarte]], as in soan fan rjochter [[Lamoraal Ulbo de Sitter]] en Katharina Bestling. By syn stúdzje wis- en natuerkunde yn [[Grins (stêd)|Grins]] rekke hy hieltiten mear ynteresseard yn de kosmology. Fanút syn wiskundige eftergrûn makke hy mei statistyske techniken ferskillende modellen om it ûntstean fan de kosmos te beskriuwen.
 
Doe't hy op de hichte brocht waard fan de [[relativiteitsteory]], seach hy fuort it belang hjir fan. Hy joech dan ek in soad bekendheid oan de téoryen fan [[Einstein]]. Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] stjoerde de doe noch Dútske Einstein syn teoryen fia it neutrale [[Nederlân]] nei De Sitter. De Sitter stjoerde it wer troch nei de ingelske Sir [[Arthur Eddington]]. Dizze wist koart nei de oarloch Einsteins teory oer it dieltsjeskarakter fan ljocht te befêstigjen mei in detaillearde analyze fan in sinnefertsjustering.
 
De Sitter begûn sels in briefwikseling mei [[Einstein]]. Dat late úteinlik ta it no ferâldere [[Einsteins- De Sittermodel]]. Yn dit model is de kromming fan de romte hast gelyk oan nul en kin hjirtroch op in frijwol euklidyske wize beskreaun wurde. Yn in euklidysk universum is de koartste ôfstân tusken twa punten in rjochte streek.