Armand du Plessis, hartoch fan Richelieu: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TjBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: nl:Kardinaal de Richelieu
tf, fw
Rigel 4:
Hy waard ta [[biskop]] wije yn [[1608]] en hy gie letter de polityk yn, dêr't hy yn [[1616]] steatssekretaris waard ûnder [[Maria de Médicis]] dy't it regintskip fierde foar kening [[Loadewyk XIII fan Frankryk|Loadewijk XIII]]. Richelieu makke fluch opgong, sawol yn de [[Roomsk-katolike Tsjerke|Katolike Tsjerke]] as de Frânske regearing, want hy waard [[kardinaal]] yn 1622, en earste minister fan Loadewyk XIII yn 1624.
 
As earste minister rekke der yn konflikt mei Maria oer de pro-Spaanske polityk dy't de regintesse fierde en dy't hy feroardiele. Syn doel wie it keninklik gesach folslein frij te meitsjen fan beynfloeding troch famylje en fazallen, wylst hy teffens de anty-Habsburchske polityk fan Hindrik IV wer opgong dwaan litte woe. Godstsjinst en etyk stie bûten dat stribjen dat suver nasjonalistysk en ferstanlik wie. Ynlânsk briek hy de macht fan parlemint en de opposysje fan de hege eallju. Doe't de [[hugonoaten]] yn opstân kamen fierde hy sels it belis fan La Rochelle (1625-1628) en twong de protestanten it edikt fan Nimes te oanfarden (1629). Yn [[1635]] gripe Richelieu direkt yn de [[Tritichjierrige Oarloch]] yn. Hy sleat in tal ferbûnen mei de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] en mei Sweden. Richelieu hat de grûnslach lein foar it absolutisme fan [[Loadewyk XIV fan Frankryk|Loadewyk XIV]] en it politike oerwicht fan Frankryk yn Jeropa festige.