Tritichjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Schlacht am Weißen Berg C-K 063.jpg|thumb|right|300px|Skilderij dat de oerwinning op de Wite Berch sjen lit troch [[Johan Tzerclaes]], Greve fan Tilly]]
De '''Tritichjierre Oarloch''' wie in grutskalich polityk en religeusk konflikt dêr't in protte Jeropeeske lannen by belutsen wienen en dat benammen fierd waard op [[Dútslân|Dútske]] boaiem. De oarloch duorre fan [[1618]] oant [[1648]] en einige mei de [[Frede fan Westfalen]].
 
== Oanlieding ==
De oarsaken foar dizzede oarlochkriich wienen de tsjinstellings tusken [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomsk-katoliken]] en [[Protestantisme|protestanten]], en it stribjen nei macht troch de ferskillende steatsjes dêr't it [[Hillige Roomske Ryk|Dútske ryk]] yn ferdield wie. By de godstsjinstfrede fan Augsburch (1555) wie de ferhâlding tusken katoliken en protestanten net sa befredigjend regele, dat it konflikten tenei foarkomme koe. Yn [[1608]] foarme har in ferbûn fan protestantske foarsten, de Uny, ûnder de kalvinistyske foarst fan de Palts. Dêr tsjinoerfoaroer stelde him yn 1609 de katolike Liga ûnder de hartoch fan Beieren. In opstân yn [[Bohemen]], dêr't de protestanten fan [[Rudolf II fan Habsburg|Rudolf II]] yn 1609 frijheid fan godstsjinst krigen hienen, in frijheid dy't troch syn opfolger Matthias wer tebek set waard, lette yn 1618 de oarloch yn.
 
Nei de dea fan Matthias (1619) keazen de Boheemjers, de kalvinistyske keurfoarst [[Freark V fan de Palts|Freark V]] ta kening. Hy waard stipe troch troch in oantal Dútske protestantske foarsten. De nije keizer, de strang katolike [[Freark II]] stjoerde in leger ûnder lieding fan fjildhear [[Johan Tzerclaes]] nei Bohemen, dat yn novimber 1620 yn de [[slach op de Wite Berch]], de protestanten ferneatigjend fersloech. De kriich bleau lykwols oanhâlden troch ynminging fan bûtenlânske machten. Spanje joech steun oan de keizer, wylst [[Christiaan IV fan Denemark|Christiaan IV]] de protestanten te help kaam. Troch de keizerlike fjildhearen Wallenstein en Tilly waard dizze kening lykwols yn [[1629]] twongen om frede te sluten (de [[Frede fan Lübeck]]).