Pieter Stuyvesant: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: eu:Peter Stuyvesant
L stikje red.
Rigel 6:
Oer Stuyvesant syn jonge jierren is net in protte wis. Der wurdt wol sein dat er yn [[1592]] of [[1602]] berne is, mar oer it algemien wurdt oannaam dat hy sa rûn [[1612]] berne is yn Pepergea. De heit fan Stuyvesant, Balthazar Johannes Stuyvesant, wie dominy yn [[Skerpenseel (Fryslân)|Skerpenseel]] dêr't hy dan ek opgroeid is. Stuyvesant syn mem wie Margaretha Hardenstein.
 
Om [[1635]] hinne waard Stuyvesant direkteur by de [[West-Yndyske Kompanjy]] en fierde hy it befel oer de [[ABC-eilannen]]. Yn [[1644]] ferlear hy in skonke yn in gefjocht my de [[Spanje]]rts op [[Sint-Marten (eilân)|Sint-Marten]], wêrnei't hy syn fierder libben mei in houten poat troch it libben moast.
 
Yn maaie [[1645]] waard hy selektearre by de West-Yndyske Kompanjy om [[Willem Kieft]] te ferfangen as direkteur-generaal fan Nij-Nederlân. Op [[11 maaie]] [[1647]] kaam hy yn Nij-Amsterdam oan wêrnei't er yn septimber [[1647]] direkteur-generaal fan de Nederlânske koloanje waard.
 
Yn 1645 troude Stuyvesant mei Judith Bayard ([[1610]] – [[1687]]) dy't ôkomstich wie útfan [[Amsterdam]]. Se wie in suske fan [[Samuel Bayard]], dy’t troude mei Anna Stuyvesant. Peter en Judith krigen yn [[1648]] in soan, Nikolaas Willem Stuyvesant, hy stoarnstoar yn [[1698]]. Stuyvesant en syn famylje wienen grutgrûnbesitters yn it noardeastlike part fan Nij-Amsterdam. Syn buorkerij, dy’t bekend stie ûnder de namme ‘bouwerie’, is de nammejouwer fan de strjitte Bowery.
 
Stuyvesant wie de direkteur-generaal fan Nij-Nederlân oant [[1664]], yn dat jier waard it gebiet troch de [[Ingelân|Ingelsen]] bemastere. De Ingelsken wienen mei fjouwer boaten nei Nij-Nederlân ta fearn. Op [[30 augustus]] [[1664]] hie de gûverneur [[George Cartwright]] in brief nei Stuyvesant stjoerd om himsels oer te jaan. Op [[9 septimber]] fan dat jier tekene Stuyvesant op syn Bouwerij in ferdrach mei de Ingelsen.
Rigel 19:
 
== Monuminten ==
Yn Nederlân hat Stuyvesant in trije-tal monuminten krigen. Yn [[Wolvegea]] stiet in stânbyld fan Stuyvesant mei syn houten poat. Yn Pepergea stiet in monumint mei in boat fan Stuyvesant op in stien. Ek yn Skerpenseel stiet in monumint. DitIt byld is in meter as seis heech, ek hjiropdêrop stiet yn boat.
 
== Oars ==
* Stuyvesant wie in grut foarstanner fan goeiegoede edukaasje. Yn [[1660]] waard hy sitearre mei: “Neat hat in gruttere betsjutting as de ynstruksje fan jonge bern.” Yn [[1661]] hie Nij-Amsterdam 31 skoallen. Om de grutte betsjutting fan Stuyvesant hjirynop dat mêd te earen waard de [[Stuyvesant Hege Skoalle]] yn Manhatten nei him ferneamd.
* Stuyvesant syn namme komt noch yn in protte foar yn it deistich libben yn New-York. Sa is der in hegeskoalle nei him ferneamd en hat hy syn eigen strjitte: Stuyvesant Street. Ek komt syn namme werom yn de wenwyk [[Stuyvesant Town]]. De namme fan syn buorkerij komt ek in protte foar. Bygelyks yn de tsjerke wêr't hy begroeven is: Sint Mark’s Tsjerke yn-de-bouwerij.
* Fan Stuyvesant wurdt sein dat hy tee yntrodusearre hat yn de [[Amearika|Amerikaanske]] koloanjes.
* Yn syn jonge jierren fierde Stuyvesant de namme Peter, mar letter waard ditdy tayn it Latynske Petrus feroare. Yn de [[19e ieu]] feroaren de Amerikanen de namme ta Peter. DizzeDy namme is by it libben fan Stuyvesant nea brûkt.
* Hjoeddeis bringt [[American Tobacco]] in merke sigaretten út ûnder de namme Peter Stuyvesant.