Tasitus (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
meastentiids
Varlaam (oerlis | bydragen)
L ()
Rigel 3:

== Biografy ==
Tasitus is wierskynlik yn [[55]] berne yn in provinsjale famylje út Gallia Narbonensis ([[Fréjus]] of [[Vaison-la-Romaine]]) of Gallia Cisalpina ( [[Padua]] ). Yn [[77]] trout Tasitus mei de dochter fan de konsul fan dat jier [[Julius Agrikola]]. Agrikola is yn [[84]] weromroppen troch [[Domitianus]] út ''[[Britannia]]''. Agrikola ferdwynt nei de eftergrûn en sil yn augustus [[93]] ferstjerre, min ofte mear ferjitten. Syn testamint pakt lykwols net goed út foar syn frou, want neist har mem krijt ek de ''[[princeps]]'' - hoewol't dy earder noch ferkundige hat gjin erfenis oan te nimmen fan ien mei bern - syn diel met grutte begearigens.

Doch behinderet dit Tasitus net om in skitterjende politike karriêre út te bouwen. In pear jier nei syn houlik is hy wierskynlik al ''XX-vir'' ( preesterkolleezje besteande út 20 manlju ) ûnder [[Vespasianus]]. Troch G. Alföldy is der de tige oannimlike ynterpretaasje oppere dat Tasitus troch Titus oantsjutten is as ''[[quaestor Augusti]]'' ( persoan dy't de taspraken fan de keizer oan de [[Romeinske Senaat|Senaat]] skriuwt én foarlêst ), oan de hân fan in ynskripsje yn it grêfmonumint fan Tasitus oan de [[Via Nomentana]] yn [[Rome (stêd)|Rome]][[#drie|3]]. Wierskynlik hat hy dizze funksje yn [[80]] of [[81]] - ten lêste yn 82. At hy ''[[quaestor (Rome)|quaestor]]'' west is yn [[81]], wol dit sizze dat hy én foar [[Titus]] én foar dy syn broer [[Domitianus]] wurdfierder wie, want Titus stjert op [[13 septimber]] [[81]]. No't hy eks-''[[quaestor (Rome)|quaestor]]'' is, wurdt hy opnommen yn de [[Romeinske Senaat|Senaat]] as ''[[homo novus]]'' ( earste fan in famylje dy't yn de [[Romeinske Senaat|Senaat]] sit hat ). Ut de ynskripsje (cf. supra) kinne wy ek opmeitsje dat hy yn [[84]] of [[85]] de funksje fan ''[[aedilis]]'' oerslacht en ta ''[[tribunus plebis]]'' keazen wurdt. Yn [[88]] is hy sels ''[[praetor]]'' ( funksje yn de rjochtspraak ) én lid fan it prestisjeuze preesterkollezje fan de Fyftjin of ''[[quindecimviri sacris faciundis]]''. Yn [[89]] wurdt hy foar fjouwer jier ôffurdige foar in post yn de provinsjes - dêr't net folle bekend oer is.

Wannear't [[Domitianus]] op [[18 septimber]] [[96]] fermoarde wurdt troch syn neiste omjouwing, hat de ûngefear fjirtichjierrige Tasitus sit as ''[[consul suffectus]]'' foar it jier [[97]] - nei alle gedachten noch oantsjutten troch [[Domitianus]] - yn de [[Romeinske Senaat|Senaat]]. Under [[Trajanus]] heart hy as eks-''[[consulaat (Romeinske Ryk)|konsul]]'' by de elite fan de [[romeinske Senaat|senatoren]] en stoart hy him op de skiedskriuwerij. Yn [[112]] en [[113]] is hy in jier lang gûverneur fan de provinsje ''[[Lyts-Aazje|Asia]]'', in fûlbegearde post. Hy is nei alle gedachten om [[120]] hinne stoarn as reputearre[[reedner]] én [[histoarikus]].
Rigel 37:
Men mient it wurk ferdiele te kinnen yn twa [[heksade]]s, nammentlik in earste oer de boargeroarloch ûnder [[Galba]], [[Otho]] en [[Vitellius]] (I-III) en [[Vespasianus]]' regearing (IV-VI); en in twadde oer de jierren fan stabiliteit ûnder [[Titus Flavius|Titus]] en de earste jierren ûnder [[Domitianus]] (VII-IX) en op't lêst de tsjustere perioade ûnder [[Domitianus]] fan [[89]] oant [[96]] (X-XII). Dit alles bliuwt lykwols wol hieltiten spekulaaasje.

Yn syn ''praefatio'' ( foaropwurd ) wurdt de dramatyske ûntknoping al min ofte mear oankundige en kondiget hy dêrby oan dat - as de jierren him gund binne - hy noch oer [[Nerva]]'s en [[Trajanus]]' bewâld skriuwe wol.

=== ''Ab excessu divi Augusti'' (''Annales'') ===
Rigel 54:
Mooglik hat hy ek ferskate memoires brûkt, lykas de ''commentarii'' fan [[Agrippina minor]], tinkskriften fan [[Tiberius Claudius Drusus Nero Germanicus|Claudius]], ensafuorthinne. As eks-''[[konsul (Rome)|konsul]]'' en [[Senaat (Rome)|senator]] hat hy ek tagong ta de ''acta senatus'' en ''diurna'', wêr't hy dokumintêre boarnen fine kin.

Dochs blykt dat Tasitus dizze gegevens net letterlik oernimme sil, mar yn syn eigen wurden fertelle, wat ûnder oare blykt út syn werjefe fan de taspraak fan [[Claudius (keizer)|Claudius]] oer it talitten fan Galjers yn de Senaat, dy't troch Tasitus (''Ann.'' XI 24.) én op de ferneamde ''[http://www.fordham.edu/halsall/ancient/48claudius.html Lyon Tabula]'' werjûn is. Tasitus blykt de strekking fan de taspraak yntakt te litten, mar fan de ( karakteristike ) Claudiaanske styl, bliuwt mar in bytsje oer.

Hy brûkt wierskynlik ek mûnlinge boarnen en it is wis dat hy brieven skriuwt nei minsken lykas ''[[Plinius de Jongere|Plinius minor]]'', dêr't hy mei befreone is, om ynformaasje op te freegjen (cf. supra) oer de útbraak fan de [[Vesuvius (fulkaan)|Vesuvius]] en de dea fan [[Plinius de Oudere|syn omke]].
Rigel 78:

1 De brieven fan [[Sidonius Apollinaris]] neame him "Gaius"; ien fan de twa oerbleaune manuskripten fan syn wurken neamt him "Publius". (Sjoch R. Syme, ''Tasitus'', I, Oxford, 1958 (=1963²), p. 59, n. 1)

2 Dit is tenminste de oerhearskjende fyzje sûnt de [[Frânske Revolúsje]]: Giuseppe Toffanin ûnderkent troch de skiednis hinne twa kampen: de ''Reade Tasitisten'', dy't Tasitus oangripe om harren ''republikeinske'' gefoelens te uterjen; en de ''Swarte Tasitisten'', dy't yn Tasitus foaral in hantlieding sjogge om in monargy ta in goed ein te bringen. Fan yn de [[Renêssânse (14e-16e ieu)|Renêssânse]] ( wannear't Tasitus' syn geskriften wer oan de oerflakte komme ) oant yn de iere [[De Ferljochting|Ferljochting]] fynt men ferneamde foarbylden fan beide "kleuren" fan Tasitus-oanhingers: [[Francesco Guicciardini]] en [[Diderot]] kinne as foarbylden fan it Swarte Tasitisme neamd wurde, wylst men de geskriften fan [[Machiavelli]] dan wer yn twa rjochtingen útlizze kin: ''Swart Tasitisme'' yn ''[[De Hearsker]]''; ''Read Tasitisme'' yn de ''[[Ferhannelingen oer de earste tsien boeken fan Titus Livius|Discorsi]]''. Foar bibliografyske ferwizings: sjoch [[:en:Tacitean studies|it "Tacitean studies" artikel op de Ingelsktalige Wikipedia]].

3 G. Alföldy, ''Bricht der Schweigsame sein Schweigen? Eine Grabinschrift aus Rom, in Mitteulungen des deutschen archeologischen Instituts. Römische Abteilung'' 102 (1995), pp. 251 - 268 (''non vidi'').

Rigel 97:
== Keizers yn de wurken fan Tasitus ==
; [[#Ab excessu divi Augusti (Annales)|''Ab excessu divi Augusti'' (''Annales'')]]
:[[Gaius Julius Caesar Octavianus|Gaius Iulius Caesar Augustus]] ([[27 f. Kr.]] - [[14]] )
:[[Tiberius Claudius Nero (soan)|Tiberius Iulius Caesar (Augustus)]] ([[14]] - [[37]])
:[[Gaius Iulius Caesar Germanicus (Caligula)|Gaius Caesar Augustus Germanicus]] ([[37]] - [[41]])