Johannes Phocylides Holwarda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: el:Ιωάννης Φωκυλίδης Χολβάρντα; tekstwiziging
Rigel 1:
'''Johannes Phocylides Holwarda''' (''Jan Fokkesz, Jan Fokker, Johann Holwarda, Johannes Fokkes Holwarda, Jan Fokkens Holwarda, Jan Fokkes van Holwerd''), ([[Holwert]], [[22 jannewaris]] [[1618]] - [[Frjentsjer]], [[1651]]) wie in Frysk [[astronoom]], dokter en filosoof. Hy wie professer yn de [[logika]] (1639) en [[filosofy]] (1647) oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]] fan [[1639]] oant [[1651]].<ref>Pieter Willem van der Horst, ''The Sentences of Pseudo-Phocylides'' (Brill, 1978), 63.</ref>
 
Holwerda is it meast bekend wurden troch syn ûntdekking fan it ferskil yn helderens fan de [[stjer]] [[Mira]] (stjerrebyld Omicron Ceti/Walfisk). Yn in systematyske stúdzje, yn [[1638]], liet er sjen dat Mira ferdwûn en opnij ferskynde yn in 330 dagen duorjende siklus.<ref>[http://www.astro.utu.fi/zubi/people/holwarda.htm Holwarda, Johannes Phocylides<!-- Bot generated title -->]</ref><ref>[http://subdomainname.yurisnight.net/~spider/spider/Vars/mira.html Mira, Omicron Ceti<!-- Bot generated title -->]</ref>
 
Hy wie fierders in 'fylosofysk atomist '(“[[atomisme]]”) en bestrider fan 'aristotelisten'. Yn it postúm publisearre ''Philosophia Naturalis, seu Physica Vetus-Nova'' (1651), definiearret er [[matearje]] en foarm: matearje is in gruttens en ferdield yn atomen, wylst foarm in weefsel fan atomen is. Neffens Phocylides besteane lichems út atomen en focht. By atomen makke er ûnderskied tusken inkeldfâldige en gearstalde atomen; it binne fêste lichemkes dy't direkt troch God oanstjoerd wurde.<ref>Antonio Clericuzio, ''Elements, Principles and Corpuscles: A Study of Atomism and Chemistry in the Seventeeth Century'' (Springer, 2001), p. 187).</ref>
 
De moannekrater Phocylides is nei him neamd.<ref>[http://the-moon.wikispaces.com/Phocylides the-moon » Phocylides<!-- Bot generated title -->]</ref>
 
== Wurk ==
* ''Philosophia naturalis, seu physica vetus-nova'', 1651
* ''Elementale logicum'', 1648
* ''Collegium logicum disputt. XII'', 1646
* ''Sciagraphica logicae'', 1643
=== Oar wurk ===
* ''Friese sterrekonst'' (1652)<ref>{{Aut|Brouwer, J. H., e.o. (red)}}, [[Encyclopedie van Friesland]], 1958. ''Holwarda, J. P.''</ref>
 
Rigel 27:
 
[[de:Johann Holwarda]]
[[el:Ιωάννης Φωκυλίδης Χολβάρντα]]
[[en:Johannes Phocylides Holwarda]]
[[fr:Johannes Phocylides Holwarda]]