Amerikaanske Unôfhinklikenskriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 8:
 
== It ferrin fan de kriich ==
Nei de kapitulaasje fan in Ingelsk leger op 17 oktober 1777 by Saratoga slagge de Amerikaanske gesant yn Parys, [[Benjamin Franklin]] deryn Frankryk oer te heljen de side fan Amearika te keazen. Yn [[1781]] by in mienskiplike aksje fan it Amerikaansk-Frânsk leger waard in grut part fan it Ingelke leger yn Amearika ynsletten en twongen harren oer te jaan. De kapitulaasje soe sawat de ein fan de oarloch ta gefolch ha. De Amerikaanske Frijheidsoarloch duore oant 1783. Op [[19 april]] 1783 erkenden de Britten harren ferlies by de [[Frede fan Versailles (1783)|Frede fan Versailles]] en lutsen har werom út de Feriene Steaten. Dêrtroch wie de Amerikaanske republyk in feit. Nederlân wie, nei Frankryk, it twadde lân dat de ’Feriene Steaten fan Amearika’ erkende (1782).
 
Dat de trettjin sa ferskillende koloanjes daliks in ienheid foarmje soenen, die bliken in utopy te wêzen. It ienige mienskiplike wie winlik de ''Articles of Confederation'', in soarte [[grûnwet]] dy't lykwols benammen it ûnôfhinklike karakter fan de koloanjes befêstige. Fierders wie der winliken mar ien mienskiplik orgaan, it Kongres, dat lykwols mar in pear kear jiers gearkaam. Dy losse ferbyntnis fan steaten hie te lijen ûnder grutte oarlochsskulden, in weromrinnende hannel en it ûntbrekken fan in sintraal gesach. De saneamde Federalisten pleiten foar in sterker gesach en in bettere [[grûnwet]].