Frankyske Boargeroarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red + útwreiding
Rigel 7:
 
== De oanlieding ==
De eallju yn [[Neustrje]] en [[Hartochdom Boergonje|Boergonje]] seagen troch de dea fan hofmeier Pippyn fan Herstal kâns harren te ûntdwaan fan de [[Austraasje|Austrasyske]] dominânsje. Hja woenen werom nei de situaasje foardat Pippyn alle Frankyske gebieten ûnder ien bewâld feriene en woenen Ragenfrid as hofmeier hawwe. De Frankyske kening [[Dagobert III]] lit him troch de Austraasjers beynfloedzje en beslút Ragenfrid as syn nije hofmeier te kezenkeazen.
 
Yn Austraasje hie de frou fan Pippyn derfoar soarge dat [[Karel Martel]] útsletten wie foar de opfolging, en dat har minderjierrige beppesizzer Teudobald (soan fan [[Grimoald]] út in earder houlik) as opfolger beneamd wurdewurden wie. Hy moast de nije hofmeier wurde, mei Plektrudis as regentes. Hja litte Karel finzen nimme en slute him op yn Keulen. As ûnderwillensûnderwilens de kar fan kening Dagobert bekend wurdt, lûkt Plektrudis har dêr neat fan oan, want sy stjoerd Teudobald mei in leger nei it suden ta om de kening op oare tinzen te bringen.
 
=== De slach by Compiégne ===
Rigel 15:
 
=== Ynfal troch de Friezen ===
De [[Friezen]] ûnder harren kening [[Redbad]], profitearren hiel bot fan de betizende situaasje dy't by de Franken ûntstien wie, troch de eardere Fryske gebieten dy't sy oan Pippyn ferlern hienen werom te oermasteren, wêrûnder de stêd [[Utert (stêd)|Utert]] en omkriten. Ragenfrid sleat mei de Fryske kening in bûnsmaatskip en tegearre foelen harren legers Austraasje oan. In part fan de Austrasyske eallju is betinken dat sy yn dizze drege tiid in folwoeksen hofmeier nedich hawwe, en befrije de Karel Martel, de basterdsoan fan Pippyn út syn finzenis. Hja hawwe lykwols net genôch tiid om in sterk leger by ien te sammeljen doe't de Friezen en Neustrjers oanfoelen.
 
== It ferrin fan de kriich ==