Akademy Vredeman de Vries: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl:
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Akademy Vredeman de Vries''', of ''Academie voor Beeldend Kunstonderwijs "Vredeman de Vries"'', wie in [[keunstakademy]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Yn [[1951]] waard yn Ljouwert de Fryske keunstambachtsskoalle oprjochte dêr't amateurs [[Tekenkeunst|tekenjen]], [[Keunstskilder|skilderjen]] en keunstbeskôging folgje koenen. Dochs bestie de winsk om in profesjonele keunstoplieding te hawwen. De stifting Vredeman de Vries, ferneamd nei de Ljouwerter [[arsjitekt]] [[Hans Vredeman de Vries]], naam dêrom de taak fan de ''St. Friese Kunstnijverheidsschool'' oer. De earste lessen fan de 'Akademy foar Byldzjend Keunstûnderwiis waarden yn 1958 jûn.<ref>Mous, H. (2008) ''De kleur van Friesland: beeldende kunst na 1945'' Ljouwert: Friese Pers/Noordboek</ref> In eigen gebou hiene hja noch net, lesjaan barde yn it earstoan yn de jûnsoeren yn de famkes-hbs. In jier letter setten 23 learlingen offisjeel útein mei de earste trijejierrige oplieding. Yn 1962 krige de skoalle de ryksgoedkar en sûnt waard de skoalle mei troch it ryk betelle. Yn 1972 waard de stichting opheft en kaam de skoalle op 'e noed fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]]. Oant begjin jerrenjierren '80 waard lesjûn op trije lokaasjes (Dimpte KeizersgreftKeizersgrêft, de Tunen en oan de Foarstreek), letter ferhuze de skoalle nei de Eastersingel.
 
Yn 1986 gong de oplieding op yn de [[NHL Hegeskoalle|Noardlike Hegeskoalle Ljouwert]] en yn [[1989]] waard yn in hearenakkoardhearenakkoart tusken de kommissarissen fan Fryslân en Grinslân ([[Hans Wiegel|Wiegel]] en ([[Henk Vonhoff|Vonhoff]]) oerienkaam dat de keunstfakopliedingen ferhuzjeferhúzje soenen fan Ljouwert nei Grins. Dat betsjutte de ein fan de Akademy Vredeman de Vries, dy't yn 1992 tichtgie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=<references/>}}