Magreb: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: so:Magrib
L st.
Rigel 2:
De '''Magrib''' is de westerein fan de Arabyske wrâld. Wurdlik is it: ''Dêr't de sinne ûndergiet''.
 
Yn de tiid fan it [[Arabyske Ryk]] waard de namme brûkt foar [[Marokko]], mar no is it almeast de namme fan it eardere part fan it ryk om it westlik bekken fan de [[Middellânske See]] hinne. Histoarysk is de Magrib dêrmei de stripe lân benoarden it [[AtlasbergteAtlasberchtme]] plus [[Spanje]] dêr tsjinoer. Om't Spanje net langer Arabysk is, wurde ta de hjoeddeiske Magrib almeast allinnich de noardlike parten fan Marokko, [[Algerije]] en [[Tuneezje]] rekkene.
 
Krekt as by ''[[Jeropa]]'' wurdt ek ''Magrib'' by útwreiding brûkt as ''de westlike lannen''. Yn dy betsjutting wurdt alles yn [[Afrika]] west fan de [[Nyl]] en min ofte mear noard fan de [[Sahara]] ta de Magrib rekkenne. Mei alles derby is dat dan: [[Mauretaanje]], [[Westlike Sahara]], Marokko, Algerije, Tuneezje, [[Lybje]] en it westen fan [[Egypte]]. Yn dizze betsjutting stiet it tsjin de [[Masrik]] oer, ''de eastlike lannen''. De mienskiplike kultuer fan dizze lannen fan Grut-Magrib is Arabysk, oars as dy fan de lannen besúden de Sahara. Mar der binne ek dúdlike Berberske invloeden, dy't de kultuer oars meitsje as dy fan de lannen yn it [[Heine Easten]].