Frédéric Bastet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Frédéric Louis Bastet''' ([[Haarlim]], [[20 septimber]] [[1926]] - [[Oegstgeest]], [[29 juny]] [[2008]]) wie in [[Nederland]]se [[argeolooch]], skriuwer, [[essay]]ist, dichter en [[Biografy|biograaf]].
 
Bastet stiet bekend as in grutte [[Louis Couperus]]-saakkundige, oer wa't er yn [[1987]] in [[biografy]] it ljocht sjen litten hat. Foar syn essayistyske oeuvre krige Bastet yn [[2005]] de [[P.C. Hooft-priis]].
 
Bastet studearre [[klassike talen]] en [[argeology]] oan de [[Universiteit Leien|Ryksuniversiteit Leien]]. Yn [[1958]] promovearre er ta [[doktor]] yn de Letteren op in dissertaasje mei de titel ''De datum van het grote hypogaeum bij de Porta Maggiore te Rome''. Fan 1966 oant 1976 wie er [[heechlearaar]] [[klassike argeology]] oan deselde universiteit. Hy waard opfolge troch dr. [[Herman Geertman|H.A.A.P. Geertman]]. Nei syn professoraat waard Bastet [[konservator]] fan de klassike ôfdieling fan it [[Ryksmuseum fan Aldheden]].