Gerrit Benner: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Oars (wat)
Rigel 1:
'''Gerrit Benner''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[31 july]] [[1897]] - [[Nijemardum]], [[19 novimber]] [[1981]]) wie in autodidaktyske keunstskilder.
 
Hy waard benammen bekend troch syn abstrakte, kleurige lânskipsskilderingen yn neo-ekspresjonistyske styl dy't hy pas nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] makke. Ferhuze yn 1955 nei Amsterdam, dêr't er it atelier fan [[Karel Appel]] brûkte. Toande in soad bewûndering foar it wurk fan [[Hendrik Nicolaas Werkman]] en fielde him besibbe oan keunstners as [[Pablo Picasso]] en Munchmar. Bleau lykwols Fryske lânskippen skilderjen. Fêstige him om 1970 hinne wer yn Fryslân. Hy krige de [[Priis fan de Stifting Keunstnersferset 1942-1945]] yn [[1955]]; in twadde priis op de 'Biënale fan São Paulo' yn São Paulo, Brazylje; de 'Guggenheim Prize for the Low Countries' yn 1958; en de 'International Hallmark Art Award New York'. De grutte oersjochtentoanstlling, organisearre troch it Kultureel Sintrum yn Venlo, wie yn 1970 en 1971 yn in soad plakken yn Nederlân te besjen. Yn Fryslân bliek gjin eksposysjegelegenheid by steat syn wurk te ûntfangen.
 
Syn wurk is ûnder mear yn besit fan it [[Steedlik Museum (Amsterdam)|Steedlik Museum]] ([[Amsterdam]]), [[Van Abbemuseum]] ([[Eindhoven]]), it [[Frysk Museum]],it [[Museum Twinte]] ([[Ynskedee]]) en it [[Museum Belvedêre]] op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]].
 
Yn 2003 hawwe de [[Provinsjale Steaten]] fan Fryslân]] in twajierlikse priis ynsteld en nei Benner ferneamd. It betreftgiet om in oeuvrepriis of in priis foar in keunstner waans wurk resintlik in wichtige ûntwikkeling trochmakke hat. De earste [[Gerrit Benner Priis]] foar Byldzjende Keunst waard útrikt yn 2005.
 
== Kepppeling om utens ==