Grutte fibula fan Winaam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Fibula Winaam.jpeg|thumb|270px|De fibula fan Winaam mei alle ûntbrekkende dielen dy't oant no ta weromfûn binne.]]
De '''Grutte Fibula fan Winaam''' is in [[fibula]] út de earste helte fan de 7e ieu. It earste diel fan de fibula of mantelspjelde waard yn 1953 yn in terp by Winaam fûn. Om 1990 hinne en yn 2009 binne oare dielen fan de fibula weromfûn. It sieraad wie fan immen mei in hege status en wurdt dêrom ek wol de ''keningsfibula fan Winaam'' neamd.

De fibula leitis ynûnderdiel fan de kolleksje fan it [[Frysk Museum]].
 
== De fynst by Winaam ==
Yn [[1953]] waard yn de [[terp Tsjitsma]] by [[Winaam]] de fuotplaat fûn fan in grutte fibula. De spjelde wie lykwols troch in ploech skansearre en wie dêrtroch net mear kompleet. [[Argeology|Amateurarcheologen]] hawwe jierrenlang mei metaaldetektors socht nei de ûntbrekkende dielen.
 
By opgravings yn de njoggentiger jierren binne de sulveren brêge mei [[goud]]en beklaaiïng, de knier en dielen fan de kopplaat weromfûn.

Yn augustus 2009 waard op in ikker by Winaam noch in ûntbrekkend stik fan de fibula weromfûn. It giet om in fragmint fan twa by trije sintimeter dat ûnderdiel wie fan de kopplaat. Troch dy fynst wie it mooglik en ûntsiferje de ôfbylding op de kopplaat.
 
== Undersyk ==
Nei de lêste fynsten fan 2009 wie it sieraad foar in grut part kompleetfolslein. Neffens saakkundigen wie de fibula yn de earste helte fan de 7e ieu fan in keninginne of in frou mei hege status west. Troch dyselde fynst waard de ferskining fan [[Weda]] (Odin) op de kopplaat sichtber.<ref>[http://www.vindmagazine.nl/Nieuws/75/koningsfibula-Wijnaldum/ vindmagazine.nl oer de keningsfibula fan Winaam]</ref><ref>[[Ljouwerter Krante]] webside 17 desimber 2009: [http://www2.lc.nl/friesland/regio/article12442201.ece/God-Wodan-op-fibula-Wijnaldum God Wodan op fibula Wijnaldum]</ref>
 
Yn 2012 waard de fibula ûndersocht troch it 'Sintrum foar Undersyk en Restauraasje fan Frânske Musea' yn [[Parys]]. Utkomst fan it ûndersyk wie dat de fibula fersierd is mei wol sa'n 300 granaatstikjes. Ut analyse die fierders bliken dat de reade granaatstiennen út [[Yndia]] komme.<ref>[[Omrop Fryslân]] webside 27 novimber 2012: [http://www.omropfryslan.nl/nijs/fibula-hat-stiennen-ut-india Fibula hat stiennen út India]</ref><ref>Webside [[Frysk Museum]] 27 novimber 2012: [http://www.friesmuseum.nl/persberichten/fibula-heeft-rode-granaten-uit-india fibula heeft rode granaten uit india]</ref>
 
== Fryske kening ==
Line 29 ⟶ 33:
<references/>
}}
 
{{Nijsgjirrige side}}
 
[[Kategory:Argeology]]