Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 43:
=== 20e ieu ===
[[Ofbyld:Stavering.jpg|thumb|150px|In modern staveringslearboek fan de [[Afûk]].]]
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichtber by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje ''det'' soe tenei as ''dat'' skreaun wurde, it wurdsje ''ho'' as ''hoe'', en ''hird'' as ''hurd''. By de ''oe''-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei ''uo''. By de Selskipstavering waard noch ''stoellen'' en ''mûrre'' skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn ''stuollen'' en ''muorre''.

Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref>
 
Yn 1980 waard de Akademystavering ferfongen troch de [[Steatestavering]], of ek wol de "nije stavering". Yn de santiger hienen [[Tony Feitsma]] en [[Trinus Riemersma]] grutte plannen mei de Fryske stavering. Hja woenen beide ta op in fonologyske stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> Sawol Feitsma as Riemersma skreaunen faak neffens har eigen staveringsideeën. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> By it fêststellen fan de nije stavering yn 1979 stelde Provinsjale Steaten it konsept fan de Fryske Akademy fêst as nije stavering. Dy stavering krige de namme Steatestavering en waard offisjeel op 1 jannwaris 1980 ynfierd.