Fryske stavering: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 45:
Yn 1945 waard de Selskipsstavering ferfongen troch de [[Akademystavering]], ek wol "âlde stavering" neamd. Mei de Akademystavering soenen gâns fernijïngen komme om de taal tichtber by de doetiidske útspraak te bringen. It wurdsje ''det'' soe tenei as ''dat'' skreaun wurde, it wurdsje ''ho'' as ''hoe'', en ''hird'' as ''hurd''. By de ''oe''-klank waard der foar keazen om dy by brekking oan te jaan mei ''uo''. By de Selskipstavering waard noch ''stoellen'' en ''mûrre'' skreaun, mar mei de Akademystavering waard dat feroare yn ''stuollen'' en ''muorre''.
 
Nei it ferskinen fan de Akademystavering is der lykwols noch hieltyd ûnrêst by útjouwers en skriuwers. Dêrneist krige it Frysk in grutter plak yn it ûnderwiis. De ûnrêst en it Frysk ûnderwiis wienen beide reden om ta in nije stavering te kommen. De staveringskommisje fan de Fryske Akademy komt yn 1966 mei in útstel foar de stavering fan it Frysk. De kommisje presintearre in fonologyske stavering, dêr't fuort al in soad ferset tsjin wie. De Fryske Akademy beslute dêrnei om in nije kommisje yn te stellen, dy't syn advys yn 1968 wrâldkundich makke. By útstel I soenen de Fryske wurden 26 persint oars skreaun wurde, by útstel II soe dat 6 persint wêze.
Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref>
 
Yn 1969 hawwe Provinsjale Steaten besluten dat de Akademystavering fan 1945 de offisjele stavering waard. Dêrneist waard besluten dat “it fêststellen fan de offisjele stavering fan it Frysk heart ta it foech fan Provinsjale Steaten”.<ref>[http://www.kneppelfreed.nl/frysk/untjouwings/wurdboek.html Nederlânsk-Frysk juridysk wurdboek] op kneppelfreed.nl</ref> Nei it fêstlizzen fan it foech krige in steatekommisje de taak om ta in nije Fryske stavering te kommen. Mei saakkundigen fan de Fryske Akademy waard punt foar punt neigien hoe't de stavering moderner makke wurde koe.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-08-1969: ''Delegaesje oer staveringssaek nei Akademy'', side 11</ref> Yn 1976 wie de steatekommisje klear mei syn wurk en koe Provinsjale Steaten beslute oer it al as net ynfieren fan de nije stavering.<ref>[[Ljouwerter Krante]] fan 01-04-1976: ''Ds moatte kwesje fan g - ch en oe - ou - u nochris goed bisjen'', side 25</ref> De ynfiering soe syn beslach krije op 1 jannewaris 1980.
Yn 1980 waard de Akademystavering ferfongen troch de [[Steatestavering]], of ek wol de "nije stavering". Yn de santiger hienen [[Tony Feitsma]] en [[Trinus Riemersma]] grutte plannen mei de Fryske stavering. Hja woenen beide ta op in fonologyske stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> Sawol Feitsma as Riemersma skreaunen faak neffens har eigen staveringsideeën. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> By it fêststellen fan de nije stavering yn 1979 stelde Provinsjale Steaten it konsept fan de Fryske Akademy fêst as nije stavering. Dy stavering krige de namme Steatestavering en waard offisjeel op 1 jannwaris 1980 ynfierd.
 
Yn 1980 waard de Akademystavering ferfongen troch de [[Steatestavering]], of ek wol de "nije stavering". Yn de santiger hienen [[Tony Feitsma]] (lid fan en [[Trinus Riemersma]] grutte plannen mei de Fryske stavering. Hja woenen beide ta op in fonologyske stavering fan it Frysk.<ref>[http://www.frieschdagblad.nl/index.asp?artID=46077 Frysk Deiblêd] Wittenskipper Tony Feitsma wie mei hert en siel ferbûn mei it Frysk</ref> Sawol Feitsma as Riemersma skreaunen faak neffens har eigen staveringsideeën. Riemersma skreau ferskate boeken yn syn eigen stavering, lykas "De reade bwarre" yn 1984.<ref>[http://www.demoanne.nl/?p=823 De Moanne] Kronyk fan it libben fan Trinus Riemersma</ref> By it fêststellen fan de nije stavering yn 19791976 stelde Provinsjale Steaten it konsept fan de Fryske Akademy fêst as nije stavering. Dy stavering krige de namme Steatestavering en waard offisjeel op 1 jannwaris 1980 ynfierd.
 
Sûnt de ynfiering fan de Steatestavering giet de staveringsdiskusje net sa bot mear oer de stavering, mar folle mear oer it skriuwen en brûken fan lienwurden en lienkonstruksjes.<ref>Tusken Talen, Reitze J. Jonkman en Arjen P. Versloot, Afûk 2008, side 115</ref>