Naturalisme (literatuer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Nije Side: It begryp '''naturalisme''' ferwiist yn de literatuerwittenskip nei in literêre streaming dy't permanint oanwêzich wie yn de perioade 1850-1900 en fral ta utering kaam yn...
 
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 63:
[[Ofbyld:Feitsma, Sake Kornelis.jpg|thumb|[[Sake Kornelis Feitsma]]: de iennige echte naturalist yn ‘e Fryske literatuer]]
{{Apart|Fryske literatuer}}
Wêr’t [[Waling Dykstra]] en [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] dúdlik as realisten yn ‘e [[Fryske literatuer]] neamd wurde, is dat in stik dreger fan it naturalisme. Fernijingen, lykas it naturalisme, kringe yn ‘e Fryske literatuer wol troch, mar it duorret faaks in skoftke ear’t dat werom te finen is yn it oarspronklike wurk fan Fryske skriuwers. As echte naturalist is allinne de skoalmaster [[Sake Kornelis Feitsma]] yn ‘e Fryske literatuer oan te wizen. By gjin oare Fryske skriuwer wurdt it idee dat minsken yn harren libben bepaald wurde troch erflike faktoren, troch miljeu en opfieding, sa útwurke. Feitsma skreau om de ieuwikseling hinne in searje fan seis naturalistyske ferhalen, dêr’t de ynfloed fan de Frânske skriuwer [[Émile Zola]] sûnder mis yn te werkennen is. It earste ferhaal, ''Ut ‘e modder fan ‘e maatskippij'' waard publisearre yn it tydskrift [[Forjit my net]] yn 1893. Oare ferhalen waarden ek publisearre yn [[For hûs en hiem]] en [[Swanneblommen]]. Yn it foarwurd fan ''Ut ‘e modder fan ‘e maatskippij'' beneamt er himsels as in realistyske skriuwer. De searje ferhalen is pas fier nei syn dea sammele yn de bondel ''Ut ‘e ûnderste lagen''.
 
== Naturalisme earne oars ==