Erich Maria Remarque: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: cy:Erich Maria Remarque
Rigel 11:
Yn [[1927]] kaam Remarque syn roman ''Station am Horizont'' út yn de foarm fan in fuljeton yn it sportblêd "Sport im Bild" dêr't er doe foar wurke. Earst yn 1998 kaam it yn boekfoarm út. Syn meast bekende wurk, ''Im Westen nichts Neues'' skreau er yn in pear moanne yn 1927, mar Remarque koe net fuortendaliks in útjouwer fine. De roman, pyblisearre yn [[1929]], beskriuwt de grousume ûnderfinings fan Dútske soldaten yn de [[Earste Wrâldkriich]]. Yn de neikommende romans beskriuwe er de wederwarichheden fan de feteranen nei de kriich.
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-K1018-513, Erich Maria Remarque.jpg|thumb|225px|Remarque by oankomst yn New York]]
Nei it dienmeitsjen fan ''Der Weg zurück'' yn 1931, ferliet Remarque Dútslân. Hy kocht in filla yn Porto Ronco yn [[Switserlân]] en wenne dêr en yn [[Frankryk]] oant 1939, it jier dat er mei syn frou nei de [[Feriene Steaten]] ferfardeferfarre. Sy waarden Amerikaansk steatsboarger fan de FS yn 1947.
 
Yn 1933 ferbaarnden de [[NazismeNazy|Nazys]] Remarque syn wurk yn it iepenbier en woenen hawwe dat er in neisiet fan Frânske joaden wie en dat syn wiere namme Kramer (Remark, oarsom stavere) wie. Guon biografyen jouwe dat noch, hoewol't der gjin bewiis foar is. De Nazis seine teffens dat er nea tsjinne hie yn WO I. Yn 1943 waard syn suster Elfriede Scholz arrestearre, dy't yn mei man en bern yn Dútslân bleaun wie. Nei in koart proses yn in "''[[Volksgerichtshof]]"'' waard sy skuldich achte oan it "ûndermynjen fan de moraal" omdat sy de oarloch doe al as ferlern beskôge. Rjochter [[Roland Freisler]] ferklearre: "''Ihr Bruder ist uns leider entwischt—Sie aber werden uns nicht entwischen''. Elfriede Scholz waard ûnthalze troch de [[guillotine]] op 16 desimber 1943.
 
Remarque syn folgende roman, ''Drei Kamerade'', bestrykt de jierren fan de [[Weimar RepublykWeimarrepublyk]], fan de hyperynflaasje fan 1923 oant de ein fan dat desinium. Remarque's syn fjirde roman, ''Flotsam'' (Dútsk: ''Liebe deinen Nächsten,''), ferskynde earst oerset yn it Ingelsk, yn in rige yn ''Collier's'' magazine yn 1939; nei redaksje fan Remarque kaam it yn 1941 as boek út, yn it Ingelsk en Dútsk. De roman ''Arch of Triumph'', útbrocht yn 1945 yn Ingelske oersetting en yn 1946 yn it Dútsk as ''Arc de Triomphe'', waard wer in ''bestseller'' dêr't sa'n fiif miljoen fan ferkocht waarden yn de wrâld.
 
Yn 1948 gie Remarque werom nei Switserlân, dêr't er oant de ein fan syn dagen bliuwe soe. Sân jier bleau it stil om Remarque hinne, tusken ''Arch of Triumph'' en syn nij boek, ''The Spark of Life (Der Funke Leben)'', dat yn't Ingelsk en Dútsk ferskynde yn 1952. Doe't er noch mei ''The Spark of Life'' oan'e gong wie, wurke Remarque ek oan in roman titele, ''Zeit zu leben und Zeit zu sterben''. It boek ferskynde earst yn Ingelân (1954) ûnder de net sa sekuer fertaalde titel ''A Time to Love and a Time to Die''. Yn 1958 wie [[Douglas Sirk]] regisseur fan de film ''A Time to Love and a Time to Die'', basearre op Remarque syn roman. Remarque hie in lytse rol as professor yn de film.