Montanus de Haan Hettema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: stq:Montanus Hettema; tekstwiziging
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
Hy wie advokaat yn Ljouwert, lid fan [[Provinsjale Steaten]] (1819-1829). It slagge him net om dêrnei noch yn de Steaten ferkeazen te wurden. Yn 1838 waard er rjochter by de [[arrondissemintsrjochtbank]]. Yn 1838 waard hy as bern oannaam troch frou De Haan, waans namme er taheakke oan syn fan, Hettema.
 
Doe't syn politike karriêre heakjen bleau, bemuoide er him mei Fryske taal- en rjochtsskiednis dêr't er ûnder ynfloed stie fan [[Bruorren Grimm|Jacob Grimm]] en [[Rasmus Rask|Rask]] en bestudearre de [[Franciscus Junius|Juniana]] yn [[Oxford]]. Foar it Frysk gie syn foarkar foar de stavering út nei it argayske Midfrysk fan [[Gysbert Japicx]]. Bygelyks [[Joast Hiddes Halbertsma]] wie syn opponint op dit mêd. Hettema's opfettings fûnen wol wjerklank yn de rûnten fan it tydkrift [[Iduna (tydskrift)|Iduna]], mei fan gefolgen dat de Halbertsma- en de Iduna-stavering mekoar in skoft bekonkurearren.
 
Yn de omgong mei minsken wie Hettema net maklik en ek syn wurk op it mêd fan taal en skiednis wie omstreden.
 
== Wurk ==