Pieter Jan Leeuwerink: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Nije Side: {{Ynfoboks sporter | namme = Pieter Jan Leeuwerink | ôfbylding = | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingtekst = | bynamme = | bertedatum = 18...
 
MeinRei (oerlis | bydragen)
oanf.
Rigel 25:
Tusken [[1985]] en [[1989]] kaam Leeuwerink 187 kear út foar de nasjonale ploech. Hy naam diel oan syn earse en iennige [[Olympyske Spullen]]: de [[Olympyske Simmerspullen 1988|Olympyske Spullen yn 1988]] yn [[Seoel]]. De Nederlânske ploech einige yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1988|dat toernoai]] op it fyfte plak. Yn de nasjonale kompetysje spile er foar VC Wormer, Compaen en Brother/Martinus.
 
Hy makke de begjinfaze mei fan it priizge [[Bankrasmodel]], dat útmûne yn in gouden medalje by de [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996/Sealfollybal|Olympyske Spullen]] fan [[Atlanta]] yn [[1996]]. Leeuwerink wie mei [[Ron Zwerver]] ien fan de earste Nederlanners dy't de [[sprongopslach]] brûkten. Dy wize fan opslach die syn yntree yn 'e jierren '80 en waard ynearstenoan troch in inkeling op ynternasjonaal (manljus)topnivo útfierd.
 
Nei syn spilerskarriêre wie Leeuwerink acht seizoenen lang wurksum as trener by Alcom/Capelle, dat er letter ferruile foar Rijnmond Volleybal. Ek wie er trener fan Jong Oranje.