William Blake: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red., neat oan de hân
Rigel 5:
Blake waard berne yn in waarm, net konvinsjoneel, middenstânsgesin yn [[Londen]]. Syn heit James wie fan [[Ierlân|Iersk]] komôf en hjitte eigentlik O'Neill. De jonge William wie in koppige jonge; hy gie net nei skoalle en krige syn oplieding foar it grutstepart fan syn mem. Hy lies alles wat los en fêst siet, ûnder oaren [[William Shakespeare|Shakespeare]], [[John Milton|Milton]], [[Ben Jonson]] en de [[bibel]] en stiek ek it noadige op fan [[Frânsk]], [[Italjaansk]], [[Latyn]], [[Gryksk]] en [[Hebrieusk]]. Rillegau foel syn artistike talint op. Ek die bliken dat er in [[mystyk|mystike]] ynslach hie. Hy hie fisioenen, dêr't er him yn syn letter libben troch late litte soe.
 
Mei fjirtjin jier gie hy yn de lear by de grafikus [[James Basire]]. Dy lit him sketsen en tekenings meitsje fan [[Westminster Abbey]] en oare âlde tsjerken yn [[Londen]]. Yn dy tiid ûndergie hy de ynfloed fan de [[gotyk]]. Doe't er 21 jier wie, waard er talitten op de Royal Academy. Hy woe lykwols mear wêze as allinnich grafikus en fersette him boppedat tsjin de oerhearskjende konvinsjonele keunstopfettings. Nei syn houlik mei Catherine Boucher yn 1782 slagge it him, op oanstean en mei stipe fan inkele freonen, in earste publikaasje ferskine te litten: ''Poetical sketches'' (1783).
[[Ofbyld:THe Four Zoas.jpg|thumb|left|De Fjouwer Zoas út de [[mytology]] fan William Blake]]
Hoewol't syn mystike ynslach late ta wurk mei in protte symbolyk, meastentiids tsjuster wurk, dêr't er in eigen mytology yn ûntwikkele, ferskynde yn 1789 ''Songs of Innocence'' mei ienfâldige lyryske gedichten. Yn 1794 waard dêr yn in werútjefte ''Songs of Experience'' oan taheakke. Dat lêste wurk waard nea apart útjûn, mar opnaam mei it eardere, ûnder de titel ''Songs of Innocence and of Experience showing the Two Contrary States of the Human Soul''.