Kollumer Oproer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - oars: nl:Kollumer Oproer; tekstwiziging
oanfolling
Rigel 1:
It '''Kollumer Oproer''' wie in opstân tsjin it [[Patriotten|patriottysk]] bewâld yn [[Kollum]] op [[3 febrewaris|3]] en [[4 febrewaris]] [[1797]].
 
== Tefoaren ==
De ynfiering fan de [[boargerbewapening]] yn Fryslân rôp ûnder oaren yn [[Kollumerlân]] ferset op. Sa wienen der in protte minsken dy't harren namme net opjaan woenen. De direkte oanlieding ta it opskuor wie lykwols de arrestaasje yn de nacht fan 2 op 3 febrewaris fan in drinkebroer, [[Abele Reitses]] fan [[Boerum]] dy't yn in herberch lûd ferkundige hie dat alles stikken better wie doe't de [[Willem V fan Oranje-Nassau|prins]] der noch wie en [[Fryslân]] noch in autonoom gewest wie. Yntusken naam de ûnrêst ek ta yn plakken bûten Kollumerlân. Dy drokte wie it meast merkber yn [[De Westerein]].
 
== 3 febrewaris ==
Rigel 10:
 
== 4 febrewaris ==
De oare deis kamen de oanhingers fan Jan Binnes werom nei Kollum, no ek mei lju út [[Boerum]] en út de [[DongeradielenDongeradiel]]en en ferdreaunen de troepen fan de [[patriotten]] út Kollum. Dêrby soe Levy drige hawwe de bekende patriot [[Abel Keuning]] "oan repen te snijen" as er him seach. Yndie waard Keuning letter dy dei by Dokkum molestearre. Yntusken waard der in detasjemint ruterij nei Kollum stjoerd, dy't de rêst yn de flekke werombrocht.
 
== Ofrin ==
De folchjende dagen waarden yn hiel it noarden en noardeasten fan Fryslân rebellen oanhâlden. Oan 168 finzenen waarden straffen oplein. Begjin 1797 waard Jan Binnes foar syn oandiel yn it trelit yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] ta de deastraf feroardiele. Salomon Levy dûkte ûnder, maarmar waard in jier letter ek oppakt. Levy hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele hy as ûnbetrouber en leageneftich. Lykwols waard ek Levy foar syn oanpart yn it oproer ta de dea wiisd. Op [[17 maart]] [[1798]] kaam hy yn Ljouwert oan syn ein.
 
As gefolch fan de reboelje ferlearen [[Abraham Staal]] en [[Gerrit Paape]] harren posysje as rjochter oan it [[Hof fan Fryslân]].
 
== Keppeling om utens ==
* [http://home.planet.nl/~eric.ouwerkerk/generaties/salomondossier.htm Transskripsje fan de rjochtbank ferslaggen fan Levy]
 
== Literatuer ==
* {{Aut|Kuiper J.}}, Een revolutie ontrafeld; politiek in Friesland 1795 - 1798'. Utjouwerij Van Wijnen, Frjentsjer 2002
* {{Aut|Van der Veen B. K.}}, Kollumer Oproer van 1797 - Skipper Publishing, 1994
* {{aut|[[Jacques Kuiper]]}}, ‘Het Kollumer Oproer’, yn: Fryslân 3 (1997) 13-16.
Oer it krekte wenplak (en pleats) fan Jan Binnes:
* {{aut|[[Oebele Vries]]}}, ‘'Wêr wenne Jan Binnes, de oproerkraaier út Aldwâld?', Nieuwsblad van Noord-Oost Friesland, 5-2-1997.
Oer it ‘Tweede Kollumer oproer’ (fan 3 maaie 1943) sjoch:
* {{aut|Oebele Vries}}, ''Boer Gerben Feitsma. Portret van een Friese NSB-burgemeester'' (De Gordyk 2008) 140-145.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://home.planet.nl/~eric.ouwerkerk/generaties/salomondossier.htm Transskripsje fan de rjochtbank ferslaggen fan Levy]
* [http://www.oudheidkamerkollum.nl/kollumer-oproer.php Kollumer Oproer by ''oudheidkamer Mr. Andreae'']
* [http://sneuperdokkum.blogspot.nl/2009/08/johann-christian-sperling-en-het.html Wat hat de rol fan Johannes Sperling by it oproer west?]
 
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]