Tsjummearum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "92.66.7.253" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Rigel 5:
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Tsjummearum diel út fan de gemeente [[Barradiel]].
 
== Skiednis ==
HA gayyyyy
It doarp moat omtrint de [[8e ieu]] ûntstien wêze op de kwelderwâl tusken [[Seisbierrum]] en [[Minnertsgea]]. De namme betsjut safolle as "hiem fan Thiadmar". It yn [[1234]] stifte kleaster Lidlum fan de Wythearen ek wol Norbertinen of Premonstratinzers neamd. Der wennen yn it kleaster mear minsken as yn it doarp. By it doarp, yn de Westerbuorren, stie ek de stins fan it geslacht Roorda (of Roordama). Johan Roorda uit dit geslacht bepaalt yn syn testamint fan [[1473]] dat der in beginenkleaster boud wurde moat. Dat wurdt it kleaster Bethanië yn de Mieden ûnder Tsjummearum.
 
== Stasjon ==
[[Ofbyld:Tsjummearum fan 'e easterbierrumer kant ôf.JPG|left|thumb|450px|Tsjummearum sjoen fan 'e Easterbierrumer kant ôf.]]
[[Ofbyld:Tzummarum, kerk foto5 2010-04-17 13.32.JPG|thumb|''Tsjummearum, tsjerke'']]
[[Ofbyld:Tzummarum, het Wapen van Barradeel 2010-04-17 13.36.JPG|thumb|''Tsjummearum, it Wapen fan Barradiel'']]
Tsjummearum hie in spoarstasjon oan it [[NFLS]]-spoar fan [[Stiens]] nei [[Harns (stêd)|Harns]]. It stasjon wie teffens it begjinpunt fan de NFLS-line nei Frjentsjer. De ferkoarte oantsjutting wie ''Tzum''. It stasjon waard op [[2 desimber]] [[1902]] iepene en waard op [[1 desimber]] [[1940]] sluten. Sa út en troch waard it dêrnei noch wol brûkt. It waard op't lêst troch de [[Nederlânske Spoarwegen|NS]] ferkocht oan de gemeente Barradiel.
Doe hat it yn gebrûk west as wente. It stasjon ferkearde yn minne steat en wie ornearre foar sloop. Dochs waard besletten om it te restaurearjen. Dat barde yn [[2005]] en is datselde jier feestlik weriepene. Der sit no in bedriuw yn. Oan de bûtekant is suver alles yn orizjinele steat en binnen is it loket bewarre bleaun en opknapt. By de rastauraasje is wer in stik reels delleina. Ek de bygebouwen binne restaurearre en yn ien fan dy twa is in lytse museale útstalling makke en stiet on model fan it stasjon.
 
== Mienskip ==
Tsjummearum hat in feriening foar Doarpsbelang dy't ek de Dorpskrant útjout. It doarp hat twa basisskeoallen: de M.J. Tamsmaskoalle en De Skalmei. Yn sporthal de Harnehal wurde sportive en oare aktiviteiten hâlden. Nij Bethanië is in soarchsintrum foar de âlderein.
 
=== Ferienings ===
* Rederikerssintrum Onno Zwier - lêsselskip en toaniel
* De Bazuin = korps
* Tonido - gymnastyk
* SST - follybal
* Jelgersmaruters
* VVV Tsjummearum - Keatsen
* Opinoo - Tennis
 
=== Berne yn Tsjummearum ===
* [[Wybren Oosterbaan]] ([[1887]]), lânbouspesjalist
 
== Strjitten ==
Bargereed, Bethanieleane, Buorren, [[Cecilia Benningha]]strjitte, De Buffer, De Fjouwere, De Kamp, [[Douwe Sixma]]strjitte, [[Evert Sybesma]]strjitte, Finkepôle, [[Flaaks]]paad, Hearewei, Hegesylsterwei, Hoarnestreek, [[Jel Rinckes]]strjitte, [[Johan Roorda]]strjitte, Kade, Kammingadammen, Kleasterwei, Koarnsteech, Lytse Buorren, Master [[Abel Zuur]]strjitte, Nij Bethanië, Roordamaleane, Seedyk, Sinaedawei, [[Sjoerd Draijer]]strjitte, Skoalstrjitte, Skûtebuorren, Smidssteech, Spoarstrjitte, Stasjonswei, Swaarderwei, [[Sytzamaleane]], Terskerspaad, Tsjerkepaad, Vossleane, W Koningstrjitte, Westerbuorren.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]]
* [[Muntskat fan Tsjummearum]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.tzummarum-firdgum.nl/ Webstee Tsjummearum-Furdgum]
* [http://www.nijbethanie.nl/ Webstee Nij Bethanië]
* [http://www.oudtzummarum.nl/ Webstee Ald-Tsjummearum]
------
{{koördinaten|53_14_15_N_5_32_46_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 14' NB, 5° 33' EL}}
}}
 
[[Kategory:Tsjummearum| ]]
[[Kategory:Barradiel]]
 
[[en:Tzummarum]]
[[fr:Tzummarum]]
[[nl:Tzummarum]]