Potestaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L potestaat; interwiki: nl
L linkfix: Skieringers en Fetkeapers
Rigel 3:
Dit rjocht hienen de Friezen neffens it saneamde [[Karels privileezje]]. Dêryn stie dat de Friezen harren eigen haad kieze mochten. Dit Karels privileezje is falsk, mar hat dochs inkele iuwen jilden. <br>
 
De measte neamde potestaten binne legindaryske figuren. It amt hat nea folle foarsteld. De potestaat hie as bystân in rie. Dizze waard keazen op in lândei, wêr't [[Eastegoa]] en [[Westergoa]] tegearre in potestaat en in rie keazen. Foaral yn de tiid fan [[Skieringers]] en de [[Fetkeapers]] wie it foar de keizer hast ûnmoochlik om in lândei byinoar te krijgen. Yn Eastergoa hienen de [[Fetkeapers]] it foar 't sizzen en yn Westergoa spielen de [[Skieringers]] de earste fioele. As it safier kaam, betsjutte dat de keizerlike gesant al syn politike jeften brûke moast om de hearen om 'e tafel te krijen en te hâlden. <br>
Der sels in trijemanskip west as potestaat. In Skieringer en in Fetkeaper en net-polityk persoan.
Ek sy hawwe der net folle fan terjochte brocht. De Skieringers en de Fetkeapers wienen net fan doel om gear te wurkjen. <br>