Andorra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 120:
 
Andorra is gjin lid fan de [[Europeeske Uny]], mar hat wol spesjale bannen hjirmei. Sa wurdt Andorra lyk behannele as it giet om hannel yn eigenmakke produkten mei oare EU-lannen, mar net as it giet oer lânbouprodukten. Fan [[1 july]] [[2013]] ôf mei Andorra harren eigen [[euro]]-munten slaan. Hjirfoar makke it lân ek al gebrûk fan de euro, mar mocht it net harren eigen munten meitsje. Foar de ynfier fan de euro makke Andorra gebrûk fan de muntienheden fan Frankryk en Spanje.
 
== Ferfier ==
=== Spoar ===
Der is gjin treinspoar yn Andorra. Al rint it treinspoar tussken Latour-de-Carol en Toulouse op twa kilometer fan de grins mei Andorra. Twa stasjonnen hjiroan hawwe in busferbining mei Andorra la Vella.
 
=== Diken ===
It wegennet fan Andorra hat in lingte fan 269 kilometer, wêrfan 198 kilometer ferhurde is. De twa wichtigste diken út Andorra la Vella binne de CG-1 nei de Spaanse grins en de GC-2 nei de grins mei Frankryk. Yn de [[winter]]tiid wurde de diken oer it algemien flot sniefrij makke en bliuwe dan ek iepen. Al is it sa dat de GC-2 oan de Frânse kant fan de grins minder faak sniefrij makke wurdt en sadwaande nei [[lawine]]s noch wolris ticht is.
 
Der binne busferbinings mei alle bewenne gebieten yn Andorra. Op de wichtigste rûtes komt elk heal oere in bus en yn de drokkere tiden faker. Der binne langeôfstânsferbinings mei de fleanfjilden fan [[Toulouse]] en [[Barselona]], in rit nei ien fan dizze fleanfjilden duorret likernôch trije oeren. De measte buslinen binne yn it behear fan kommersjele bedriuwen, mar guon lokale rûtes wurde dien troch de oerheid.
 
=== Loftferkear ===
Mei it fleantúch is Andorra net te beriken. De fleanfjilden dy’t it deunstby lizze binne dy fan Perpignan yn Frankryk op 156 kilometer en Lleida yn Spanje op 160 kilometer. De twa grutste deunby-fleanfjilden binne dy fan Toulouse yn Frankryk en Barselona yn Spanje. Alle oeren ride der bussen nei de fleanfjilden fan Barselona en Toulouse.
 
Andorra beskikt wol oer trije helikopterhavens yn de plakken Arinsal, La Massana en Escaldes-Engordany. Hjirwei wurde kommersjele helikopterfluchten organisearre.
 
Der binnen plannen om fan it fleanfjild fan [[La Seu d'Urgell]], tolve kilometer oer de grins mei Spanje, in kommersjeel fleanfjild te meitsjen om Andorra en de [[Pyreneeën]] better berikber te meitsjen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=