Hamlet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynlieding red + útwreide & ynfo fryske oersetting tafoege
Rigel 1:
'''''Hamlet, Prins fan Denemark''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''Hamlet, Prince of Denmark''''', is in [[trageedzje]] fan 'e hân fan 'e wiidferneamde [[Ingelân|Ingelske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]], dy’t er earne yn 'e perioade [[1600]]-[[1602]] skreaun hawwe moat. It ferhellet fan 'e foarfallen oan it [[Denemark|Deenske]] hof as prins Hamlet thúskomt nei lang om utens west te hawwen en ûntdekt dat syn heit, de eardere kening, fermoarde is troch syn omke, dy't no op 'e troan sit. ''Hamlet'', sa't de titel fan it stik yn 'e regel ôfkoarte wurdt, is nei gedachten it bekendste toanielstik fan Shakespeare, dat noch altiten rûnom opfierd wurdt. It hat withoefolle steande útdrukkings yn 'e Ingelske taal yntrodusearre, lykas de gauris oanhelle wurden ''to be or not to be, that’s the question'' (''bestean of net bestean, dat is de fraach''; út akte III, sêne 2). De earste [[Frysk]]e oersetting waard yn [[1925]] dien troch [[Teatse Eeltsje Holtrop]].
'''Hamlet, Prins fan Denemark''' is in trageedzje fan [[William Shakespeare]], dy’t hy earne tusken de jierren 1600 en 1602 skreaun hat.
 
Yn ien fan ‘e monologen sprekt Hamlet de faak oanhelle wurden ''to be or not to be, that’s the question'' (''te wêzen of net te wêzen, dat is de fraach'') - akte III, sêne 2.
 
== Beskriuwing ==
Line 19 ⟶ 17:
* Moard en selsmoard
 
== FerhaalPlot ==
It toanielstik spilet yn Elsinore, Denemark. Prins Hamlet is de soan fan kening Hamlet, dy’t twa moanne ferlyn stoarn is. Claudius, de broer fan de kening, hat de troan fan Denemark bestige en hy is frij gau nei de begraffenis troud mei syn skoansuster, de widdo Gertrude.
De jonge Hamlet kin mar net begripe dat syn mem sa gau wertroud is en hy fermoedet dat syn omke syn eigen broer ombrocht hat om sels kening te wurden.
Line 33 ⟶ 31:
Claudius stjoert Hamlet nei Ingelân mei it doel om him dêr fermoardzje te litten. De 'freonen' fan Hamlet, Rosencrantz en Guildenstern, beselskipje de prins. Sy hawwe in brief foar de kening fan Ingelân fan Claudius meikrigen, dêr't syn fersyk yn stiet om Hamlet te deadzjen. Hamlet fynt lykwols it brief en hy feroaret syn eigen namme yn de nammen fan Rosencrantz en Guildenstern. Sawaande mislearret it plan fan Claudius en Hamlet komt werom nei Denemark.
 
Yn ‘e'e tuskentiid is Laertes, de soan fan Polonius, út Frankryk wei kaam en ek nei Denemark reizge om de dea fan syn heit te wreken. Ophelia, syn suster, is gek wurden fan fertriet fanwegen de moard op Polonius troch har beminde Hamlet. Se falt yn it wetter en fersûpt. Of hat se faaks harsels te koart dien? Laertes en Hamlet komme inoar tsjin op ‘e begraffenis fan Ophelia.
 
Claudius en Laertes beslute om Hamlet te deadzjen. Se organisearje op it kastiel in ‘freonskiplik’ duel mei it rapier. Laertes hat lykwols in rapier dêr’t fergif op smard is. Boppedat docht Claudius gif yn ‘e oerwinningsbeker, foar it gefal dat Hamlet winne soe. It giet lykwols hielendal mis: Gertrude drinkt it gif en Hamlet, Laertes en Claudius wurde mei it rapier fergiftige.
Line 50 ⟶ 48:
== Neifolgers ==
Ferskate lettere skriuwers hawwe Shakespeare syn Hamlet wer fierder bewurke. Under oaren hat [[Tom Stoppard]] de komeedzje ''Rosencrantz and Guildenstern are Dead'' skreaun, dêr't dy twa figueren út Hamlet de haadrol yn hawwe wylst de prins fan Denemark yn byrol hat.
 
==Fryske oersetting==
De earste Fryske oersetting fan ''Hamlet'' wie fan 'e hân fan [[Teatse Eeltsje Holtrop]] en ferskynde yn 1925 ûnder de titel ''Hamlet, Prins fen Denemarken'' sawol yn it [[literatuer|literêre]] [[tydskrift]] ''[[Sljucht en Rjucht]]'' as by [[útjouwerij]] D.J. Kamminga te [[Dokkum]]. Yn [[2004]] waard der nije oersetting fan [[Tryntsje van der Zee]] publisearre ûnder de titel ''Hamlet''.
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.hyperhamlet.unibas.ch/ HyperHamlet] - research project at the University of Basel (English)
{{Link FA|af}}
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Shakespeare, William, ''Hamlet, Prins fen Denemarken'' (fert. T.E. Holtrop), Dokkum, 1925 (D.J. Kamminga), gjin ISBN-nûmer.
}}
 
[[Kategory:Shakespeare]]