Henry Wadsworth Longfellow: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ kepp.
dien
Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:Henry Wadsworth Longfellow - Project Gutenberg eText 16786.jpg|thumb|200px|Henry Wadsworth Longfellow]]
[[Ofbyld:LongfellowFamily.jpg|thumb|200px|Longfellow mei syn twadde frou Fanny Appleton en harren bern, 1849, troch [[Southworth & Hawes]]]]
'''Henry Wadsworth Longfellow''' ([[Portland (Maine)]], [[27 febrewaris]] [[1807]] - [[Cambridge (Massachusetts)]], [[24 maart]] [[1882]]) wie in [[FSA|Amerikaansk]] [[dichter]].
 
== Biografy ==
Longfellow waard berne yn Portland dat doe noch by [[Massachusetts]] hearde. Hy studearre oan it Bowdoin College (''liberal arts college'') en letter yn [[Harvard-universiteit|Harvard]], oan beide skoallen soe er letter ek dosint wurde.
 
Hy waard [[bibletekaris]]. Nei in reis troch [[Europa]] (1826-1829) waard er de earste heechlearaar moderne talen.
 
Yn 1831 boaske er oant Mary Storer Potter, dy't al yn [[1835]], op in nije reis troch Europa, yn [[Rotterdam]] ferstoar nei in miskream. Yn 1843 troude er mei Frances Appleton, oars nei't er sân jier wurk fan har makke hie.
 
Yn 1854 gie er út Harvard wei om him folslein op de skriuwerij ta te lizzen. Hy sette him nei wenjen yn Cambridge, Massachusetts, yn in wente dy't earder in haadkertier fan [[George Washington]] west hie. Yn 1859 ûntfong er in [[earedoktoraat]]. Yn 1861 ferlear er Francis oan slimme ferwûnings nei't har jurk yn'e brân flein wie. Oan dat barren wijde er it sonnet ''The Cross of Snow'' dat noch altyd in protte lêzen wurdt. Nei har dea wie it dichtsjen in drege bedoening foar Longfellow en rjochte er him in skoft fral op oersetten.
 
Yn syn tiid wie Longfellow de meast populêre Amerikaanske dichter, mar no wurdt noch mar in lyts part fan syn grutte oeuvre lêzen. It wurk wurdt op't heden as boargerlik en sentiminteel beskôge. Hy wie oars in treflik ferstechnikus en syn lyryske poëzy, ferneamd om syn 'muzikaliteit', is tagonklik meidat de gedichten faak werkenbere temas hawwe en yn in ienfâldige, mar blomrike taal skreaun binne. Kritisy wiene yndertiid lykols fan betinken dat er Europeeske stilen neidie en dat syn wurk tefolle foar de massa ornearre wie.
 
Longfellow hat ek in protte fertalingen makke en sa in protte Jeropeeske poëzy foar Amerikanen tagonklik makke. Oarsom binne Longfellow syn temas en figueren út de Amerikaanske folkloare (lykas ''[[Hiawatha]]'', troch û.o. [[Guido Gezelle]] bewurke) dêrtroch ek wrâldkundich yn Europa wurden.
 
Yn 1884 waard yn de ''Poets' Corner'' fan [[Westminster Abbey]] yn [[Londen]] in boarstbyld fan him pleatst. Hy wie de earste Amerikaanske dichter dy't sa eare waard.
 
 
== The Midnight Ride of Paul Revere ==