Dirk Fontein de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L red.
Rigel 2:
'''Dirk Fontein de Jong''' ( [[Ikkerwâld]], [[14 july]] [[1836]] - [[Moarrewâld]], [[29 jannewaris]] [[1898]] ) wie boer, lid fan de Steaten fan 1871 oant 29 jannewaris 1898 en lid fan Deputearre Steaten fan 8 novimber 1881 oant 29 jannewaris 1898. Yn de krisisperioade fan [[1882]] - [[1895]] wie De Jong foarsitter fan de Friesche Mij fan Lânbou.
 
Dirk Fontein de Jong wie in soan fan de meniste predikant Arnoldus de Jong, dy't fan 1827 - 1854 yn Dantumawâld stie en Anna de Jong-Fontein. Fontein de Jong wie sûkereiabrikant[[sûkerei]]fabrikant en hie twa droegerijen yn Dantumawâld en ien yn Moarrewâld. Hy wie liberaal riedslid en lid fan it provinsjaal bestjoer, deputearre en haadbestjoerslid fan de [[Fryske Maatskippij fan Lânbou]].
 
Op lânboukundich gebietmêd makke er namme; hy wie lid fan de Oarder fan de Nederlânske Liuw en oprjochter fan de 'Onderlinge Dantumadeel'. Dirk Fontein de Jong naam yn 1872 it inisjatyf ta oprjochting fan de Onderlinge Brandwaarborgmaatschappij Dantumadeel.
 
Hy waard beneamd as sekretaris/boekhâlder, dat er oant 1897 die. Yn 1864 krige hy sitting yn de kommisje, dy't as doel hie om de Jantsje Seepolder yn te rjochtsjen. Yn 1878 waard er bestjoerslid fan it Noarder Reidfjild ûnder [[Broek ûnder Ikkerwâld]] en wie yn dat jier sekretaris fan de wetterskippen Tusken Lytsen en de Fennen en Hoogfenne ûnder Ikkerwâld, wylst hy sitting krige yn de kommisje, dy't as taak hie it wetterskip De Borken op te rjochtsjen. Fierders wie hy foarsitter fan it bestjoer fan de naai- en breiskoalle yn Broek ûnder Ikkerwâld, dy't yn 1872 oprjochte waard en ponghâlder fan de naai- en breiskoalle yn Moarrewâld.