Slach om Berlyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 42 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q154182
Rigel 44:
 
== Neirin ==
Nazi-Dútslân hie foar de slach al gjin kâns mear om it Reade Leger tsjin te hâlden. Hitler hie it befel jûn om troch te gean oant de lêste soldaat dea wêze soe. Tûzenen jonge minsken en âlde mannen ferlearen yn de lêste wiken fan de kriich harren libben as soldaten fan de Volkssturm. Ferrieders en pessismistyske sivilisten waarden yn de lêste dagen noch deamakke troch de [[SS]]. Stalin stjoerde likegoed tûzenen soldaten de dea yn omdat hy earder yn Berlyn wêze woe as de westlike [[allieardenAlliearden]]. [[Nazi-Dútslân]] koe yn de lêste dagen fan synharren bestean net langer mear útfanút Berlyn wei bestjoerd wurde. De opfolger fan Hitler, [[Karl Dönitz]], wie yn de lêste pear dagen rykspresidint fan it oerbliuwsel fan Hitler syn ryk, rykspresidintit fan itsaneamde [[Flensburchregear]]. Dat de Dútske befolking benaud wie foar it Reade Leger docht bliken út it tal selsdeadingen ûnder de befolking. Allinnich yn it stedsdiel Pankow dienen 215 minsken harsels tekoart.
 
Krekte sifers oer deadetallen en ferwûnen binne net bekend. Neffens sifers fan de Russyske histoarikus Grigoriy Krivosheev binne der 81.116 soldaten fan it [[Reade Leger]] dearekke by itde ûndernimmenslach. 280.251 soldaten wienen wienen siik of ferwûne. Sifers fan de Sowjets litte 458.080 deaden en 479.298 ferwûnen by it Dútske leger sjen. Neffens Dútske sifers wienen der sa’n 92.000 deaden en 100.000 ferwûnen. It deadetal ûnder de sivilisten is ûnbekend, mar der binne wierskynlik sa’n 125.000 weirekke yn ‘e slach.
 
Yn de gebieten dy’t troch it Reade Leger beset wienen waarden de belangrykste foarsjennings wer funksjoneel makke, wylst der noch fochten waard yn it sintrum fan de stêd. Transport koe de stêd yn noch út, en de stikken bombardearre riolen fersmoargen it drinkwetter. De Sowjets wiisden lokale Dútsers oan om regaad te meitsjen. Fierders makke it Reade Leger in goed punt mei it ferpartsjen fan iten. De measte Dútsers, sawol soldaten as sivilisten, wienen tankber foar it iten dat se krigen út de fjildkeukens. Generaal Berzarin joech dêr it befel ta. Nei de folsleine kaputilaasje fan Nazi-Dútslân gongen de Sowjets by alle doarren del om minsken yn unifoarm fêst te nimmen.