Leonid Brezjnev: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
st
Rigel 19:
De jierren santich betsjutten foar Brezjnev en de Sowjet-Uny wat ynfloed en prestiizje oangie in hichtepunt. Dat kaam fral troch gesichtsferlies fan de FS yn de earste helte fan it desennium troch de [[Watergate]]affêre en de ferlearne [[Fietnamoarloch]]. De [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] presidint [[Jimmy Carter]] stribbe fan 1976 ôf nei ûntwapening en lei de klam op [[Détente]], mar dy polityk smiet foar de FS yn de rest fan de wrâld net folle respekt en sympaty op. It [[SALT II]]-ferdrach dat yn 1979 tekene waard nei 7 jaar fan ûnderhanneljen, hie as doel in grutte stap te setten yn it ûntspanningsproses, mar doe't seis moannen letter de Sowjet-Uny Afganistan binnenfoel, wie dat fuort de ein derfan. SALT II is nea ratifisearre.
 
Yn de [[Tredde Wrâld]] hie de Sowjet-Uny op in protte plakken in finger yn de brij by de revolúsjonêre befrijingsbewegings oant en mei de eigen 'eftertûn' fan Amearika yn Midden- en Súd-Amearika. Beide supermachten seagen dan ek eltse machtswikseling of lokaal konflikt troch de bril fan it kâlde-kriichstinken. It [[Reade Leger (Sowjet-Uny)|Reade Leger]] stribbe de FS foarby yn oantallen wat materiële sterkte en oanfalskrêft oangie. Yn it Westen waard wol twifele oan de kwaliteit derfan en oan de loyaliteit fan de [[WarschaupaktWarsjaupakt]]bûnsmaten yn gefal fan in echte kriich, mar beide partijen yn de [[Kâlde Kriich]] wienen it deroer iens dat soks nea yn in direkte konfrontaasje op proef steld wurde moast.
 
=== Krityk ===