Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 78 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q291
L +plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Prostitute in Naples, Italy (1920).jpg|thumb|300px|Prostituee yn Napels (1920)]]
'''Pornografy''' (gauris ferkoarte ta '''porno''') is it eksplisite portrettearjen fan [[seksuële mienskip|seksuële]] ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, [[animaasje]], [[byldhoukeunst]], [[fotografy]], lûdsopnamen, [[film]], [[fideo]] en [[fideospultsje|fideospultsjes]]. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei [[erotika]], wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan [[keunst]] bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.<ref>Gehrke, William J., ''Erotica is Not Pornography'' (tech.mit.edu).</ref> Sljochtwei [[neakenfotografy]] kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.
 
Line 68 ⟶ 69:
 
==Skiednis==
[[File:Sex statue in temple.jpeg|thumb|300px|Pornografyske byldhoukeunst yn 'e tsiende-ieuske [[hindoeïsme|hindoe]]timpel te Khajuraho.]]
Ofbyldings fan pornografyske aard binne like âld as de minskheid sels. Der binne rotstekenings fan dat soarte út 'e [[Stientiid]] weromfûn op 'e wannen fan grotten.<ref>Rudgley, Richard, ''The lost civilizations of the Stone Age''.</ref> De [[Grykske Aldheid|Alde Griken]] beskilderen harren ierdewurk mei bgl. ôfbyldings fan prostituees dy't dwaande wiene mei twa klanten tagelyk, of fan soldaten dy't homoseksuële geslachtsmienskip mei-inoar bedreaune<ref>''Kroniek van de Mensheid'', s. 62-63.</ref>, wylst de Ynjers yn 'e tsiende en alfde ieu by [[Khajuraho]] in timpelkompleks bouden dêr't it optilt fan 'e pornografyske byldhouwurken.<ref>Thomas, Bryn, et al., ''India'', s. 746-749.</ref>