Frisistyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
By it Frysk Ynstitút oan de [[Universiteit fan Grins|Grinzer universiteit]] wurdt ûndersyk dien nei it Frysk en der is in akademyske oplieding. Yn Amsterdam en Leien wurdt Frysk as byfak oan de universiteit oanbean. Yn Ljouwert wurde oan de NHL learareopliedingen op bachelor en master nivo jûn. De [[Fryske Akademy]] yn Ljouwert is in ynstitút dat sûnt 1938 wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en mienskip.
 
Yn Dútslân binne der oan universiteiten fan [[universiteit fan Kiel|Kiel]] en FlensboarchFlinsboarch prefesters foar it Frysk. Oan de universiteit fan [[Carl von Ossietzky Universiteit|Aldenboarch]] is in learstoel dy't diels foar it Sealterfrysk ferantwurdlik is. It [[Nordfriisk Instituut]] is it wittenskiplik ynstitút foar de Fryske taal en kultuer. Yn it plak Alkersum op it eilân [[Föhr|Feer]] is de 'Ferring Stiftung' as wittenskiplik ynstitút foaral dwaande mei it Frysk fan de eilannen Amrum en Feer.
 
== Wurk ==
Relatyf in protte frisisten dogge wittenskiplik wurk oan universiteiten. De grutste wurkjouwers binne de universiteiten fan Grins en Kiel en de Fryske Akademy yn Ljouwert. Bûten in wittenskiplike karriêre wurkje frisisten ek as dosint yn de ferskillende Fryske taalgebieten. Foarbylden fan oare beropsfjilden dêr't frisisten ek yn wurkje kinne binne bygelyks de media en yn Fryske taalynstituten lykas it [[Nordfriisk Instituut]] en de [[Afûk]].
 
== Ferneamde frisisten ==
[[Theodor Siebs]] (1862-1941) wie de grûnlizzer foar de moderne frisistyk. Hy hold him mei dwaande mei alle trije Fryske talen en hat ferskate taalwittenskiplike boeken skreaun. [[Pieter Sipma]] (1872-1961) wie de earste lektor Frysk oan de Grinzer universiteit, ûnderhold taalkundige kontakten yn de oare Fryslannen, en skriuwe wittenskiplike wurken. [[Tony Feitsma]] (1928-2009) promovearre cum laude op it Midfrysk fan Gysbert Japiks, hat foar trije universiteiten wurke, en hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme. De út Sweden ôfkomstige [[Nils Århammar]] (1931) hat him as frisist benammen talein op it Noardfrysk. Hy hat ferskillende literêr-wittenskiplike wurken skreaun en ferskillende taalkundige publikaasjes oer de Noardfryske dialekten. Hy wie de earste prefester „Frysk en syn didaktyk“ oan de Flinsboarger universiteit, sadat doe foar it earst yn Dútslân leararen Frysk universitêr oplaat wurde koene. De út de Feriene Steaten ôfkomstige [[Marron Curtis Fort|Marron Fort]] (1938) wurke fan 1983 oant 2003 by de universiteit fan Aldenboarch, dêr't hy ûndersyk die nei it Sealterfrysk en in wurdboek publisearre. [[Philippus H. Breuker]] (1939) wie heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde en wurke by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Hy hat talrike bydroegen skreaun oer de literatuerskiednis en ferskillende oare publikaasjes dy't fan belang binne foar de frisistyk.
* [[Nils Århammar]]
* [[Tony Feitsma]]
* [[Marron Curtis Fort|Marron Fort]], spesjalisearre yn it Sealterfrysk.
* [[Willy Krogmann]]
* [[Theodor Siebs]]
 
== Sjoch ek ==
Line 17 ⟶ 16:
 
==Keppeling om utens==
*[http://www.uni-flensburg.de/friesisches-seminar/studium/ Friesisches seminar oan de Universiteit fan FlensburchFlinsboarch]
*[http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/cultuur/article4748369.ece/Vak_frisistiek_moet_breder Frisistyk moat breder]
*[http://www.trouw.nl/achtergrond/Naschrift/article2856867.ece/Tony_Feitsma__1928-2009.html Tony Feitsma 1928 - 2009]