SC It Hearrenfean: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 140:
 
====Seizoen 2009/10====
Nei fjouwer wedstriden yn it seizoen [[2009]]/[[2010]] waard trener Trond Sollied al ûntslein, ek fan syn assistint Chris van Puyvelde waard ôfskied naam. Neffens it bestjoer lei de manear fan arbeidzjen fan Sollied te fier út de rjochting fan wat de klup woe. Yn de tiid foar it stuit fan it ûntslach hie Sollied al in pear kear wurden hân mei it bestjoer oer de ynfolling fan de seleksje. Ek soe de medyske staf harren wurk net goed dwaan. Foarsitter Yme Kuiper neamt de dei fan it ûntslach fan Sollied in 'swarte bledside yn de skiednis fan It Hearrenfean'.<ref> [http://www.fcupdate.nl/voetbalnieuws/127686/heerenveen-zwarte-dag-door-ontslag-sollied FC Update], Heerenveen: "Zwarte dag door ontslag Sollied" (sjoen op 16 augustus 2010)</ref> As ferfanger fan Sollied waard [[Jan de Jonge]] oansteld, dy't oant dat stuit by SK It Hearrenfean as haad jeugdopliedingen oan de slach wie. Mar ek De Jonge krige de ploech net oan de praat. Begjin febrewaris 2010 tsjinne De Jonge syn ûntslach yn.<ref>[http://www.ad.nl/ad/nl/1451/sc-Heerenveen/article/detail/461094/2010/02/03/Jan-de-Jonge-gooit-de-handdoek-bij-Heerenveen.dhtml AD.nl], Jan de Jonge gooit de hândoek by It Hearrenfean (sjoen op 16 augustus 2010)</ref> Ek De Jonge krijt de ploech net oan it fuotbaljen en tsjinnet op [[3 febrewaris]] [[2010]] syn ûntslach as haadtrener yn.<ref>[http://www.spitsnieuws.nl/archives/sport/2010/02/jan_de_jonge_weg_bij_heerenvee.html Jan de Jonge weg bij Heerenveen], SpitsNieuws.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Op [[5 febrewaris]] makke de kluplieding bekend dat [[Jan Everse]] it seizoen ôfmeitsje soe by It Hearrenfean.<ref>[http://nos.nl/video/134592-everse-nieuwe-trainer-heerenveen.html Everse nieuwe trainer Heerenveen], NOS.nl (sjoen op 15 novimber 2010)</ref> Under Everse syn lieding slút SK It Hearrenfean it seizoen ôf mei it 11e plak yn de kompetysje.
 
Yn de KNVB-beker wurdt de klup al ier útskeakele, yn de achtste finales is PSV yn it Abe Lenstra stadion te sterk.