İzmir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red webstee
L noch stikje oanf
Rigel 23:
| webside = [http://www.izmir.gov.tr/ www.izmir.gov.tr]
}}
'''Izmir''' ([[Turksk]]: '''İzmir'''; foarhinne, [[Gryksk]]: Σμύρνη, Smyrne; [[Latyn]]: Smyrna) is in grutte metropoal mei hast 3½ miljoen ynwenners, dy't yn it westen fan [[Lyts-Aazje]] oan 'e kust fan 'e [[Egeyske See]] leit. It is de op twa nei grutste stêd fan [[Turkije]], nei [[Istanbûl]] en [[Ankara]], mei in beboude kom dy't om 'e hiele [[Golf fan Izmir]] hinne teard leit. Yn it binnenlân rint Izmir fan 'e rivier de [[Gediz (rivier)|Gediz]] yn it noarden oer in [[alluviale flakte]] dy't skepen is troch ferskate lytsere streamkes, oant it wat heuveliger lân yn it suden. Bestjoerlik sjoen makket de stêd diel út fan 'e provinsje [[Izmir (provinsje)|Izmir]] en de [[Egeyske Regio]]. Fan 'e ûnderskate stedswiken dêr't Izmir út opboud is, korrespondearret de wyk [[Konak (Izmir)|Konak]] mei de histoaryske stêd.
 
[[File:Izmir Agora.JPG|left|thumb|250px|De ''agora'' fan it âlde Smyrna.]]
 
Izmir is ien fan 'e âldste stêden fan it [[Middellânske See|Middellânske-Seegebiet]], mei in skiednis dy't weromgiet oant djip yn 'e [[prehistoarje]], teminsten oant 3000 f.Kr. Yn 'e [[Aldheid]] wie Izmir, ûnder de Grykske namme Smyrne (better bekend ûnder de latinisearre foarm Smyrna), in wichtige haven- en hannelsstêd. De [[Osmaanske Turken]] feroveren Smyrna yn [[1076]], mar oant [[1930]] behold de stêd offisjeel syn Grykske namme. De befolking bestie dan ek grutdiels út etnyske [[Griken]]. Dat wie der ek de reden foar dat Smyrna en omkriten nei de [[Earste Wrâldoarloch]] (wêryn't Turkije oan 'e kant fan 'e [[Dútslân|Dútsers]] fochten hie), by de [[Frede fan Sèvres]] ([[1919]]) oan [[Grikelân]] tawiisd waard. Mar de Griken waarden oermoedich en lokken de [[Gryksk-Turkske Oarloch]] ([[1919]]-[[1922]]) út, dy't foar harren jammerdearlik útpakte. Se waarden troch de Turken ferpletterjend ferslein, en yn septimber 1922 foel Smyrna yn Turkske hannen, wat mank gie mei slachtpartijen ûnder de [[kristendom|kristlike]] boargerbefolking. Frijwol daliks nei de ynname fan 'e stêd briek der in grutte brân út, dy't de Grykske en Armeenske Kertieren frijwol hielendal yn 'e jiske lei, hoewol't de Turkske en Joadske Kertieren sparre bleaune. Nettsjinsteande it feit dat de oarsaak fan dy brân noch altiten omstriden is, besteane der rûnom eachtsjûgeferslaggen wêryn't steld wurdt dat it fjoer troch Turkske soldaten oanstutsen wie. De oantallen slachtoffers fan 'e moardpartijen en de brân wurdt rûsd op 10.000 oant 100.000 [[Armenen]] en 50.000 oant 400.000 [[Griken]]. Neitiid waarden 150.000 oant 200.000 Grykske boargers troch Grykske skippen ûnder [[Alliearden|Alliëarde]] marinebegelieding út Smyrna evakuëarre. De lêste Griken ferlieten de stêd yn [[1923]], as ûnderdiel fan 'e [[Gryksk-Turkske Befolkingsruil]].
==Skiednis==
Izmir is ien fan 'e âldste stêden fan it [[Middellânske See|Middellânske-Seegebiet]], mei in skiednis dy't weromgiet oant djip yn 'e [[prehistoarje]], teminsten oant 3000 f.Kr. Omtrint 600 f.Kr. makken de [[Lydje|Lydiërs]] de stêd mei de grûn lyk; it bleau in ruïne oant de tiid fan [[Aleksander de Grutte]] (356-323 f.Kr.). Yn 'e [[Klassike Aldheid]] wie Izmir, ûnder de Grykske namme Smyrne (better bekend ûnder de latinisearre foarm Smyrna), in wichtige haven- en hannelsstêd.
 
Izmir is ien fan 'e âldste stêden fan it [[Middellânske See|Middellânske-Seegebiet]], mei in skiednis dy't weromgiet oant djip yn 'e [[prehistoarje]], teminsten oant 3000 f.Kr. Yn 'e [[Aldheid]] wie Izmir, ûnder de Grykske namme Smyrne (better bekend ûnder de latinisearre foarm Smyrna), in wichtige haven- en hannelsstêd. De [[Osmaanske Turken]] feroveren Smyrna yn [[1076]], mar oant [[1930]] behold de stêd offisjeel syn Grykske namme. De befolking bestie dan ek grutdiels út etnyske [[Griken]]. Dat wie der ek de reden foar dat Smyrna en omkriten nei de [[Earste Wrâldoarloch]] (wêryn't Turkije oan 'e kant fan 'e [[Dútslân|Dútsers]] fochten hie), by de [[Frede fan Sèvres]] ([[1919]]) oan [[Grikelân]] tawiisd waard. Mar de Griken waarden oermoedich en lokken de [[Gryksk-Turkske Oarloch]] ([[1919]]-[[1922]]) út, dy't foar harren jammerdearlik útpakte. Se waarden troch de Turken ferpletterjend ferslein, en yn septimber 1922 foel Smyrna yn Turkske hannen, wat mank gie mei slachtpartijen ûnder de [[kristendom|kristlike]] boargerbefolking. Frijwol daliks nei de ynname fan 'e stêd briek der in grutte brân út, dy't de Grykske en Armeenske Kertieren frijwol hielendal yn 'e jiske lei, hoewol't de Turkske en Joadske Kertieren sparre bleaune. Nettsjinsteande it feit dat de oarsaak fan dy brân noch altiten omstriden is, besteane der rûnom eachtsjûgeferslaggen wêryn't steld wurdt dat it fjoer troch Turkske soldaten oanstutsen wie. De oantallen slachtoffers fan 'e moardpartijen en de brân wurdt rûsd op 10.000 oant 100.000 [[Armenen]] en 50.000 oant 400.000 [[Griken]]. Neitiid waarden 150.000 oant 200.000 Grykske boargers troch Grykske skippen ûnder [[Alliearden|Alliëarde]] marinebegelieding út Smyrna evakuëarre. Under de [[Frede fan Lausanne]], dy't yn 1923 in ein makke oan 'e Gryksk-Turkske Oarloch, kaam Izmir wer by Turkije te hearren. De lêste Griken ferlieten de stêd yn [[1923]], as ûnderdiel fan 'e [[Gryksk-Turkske Befolkingsruil]].
 
==Ekonomy en toerisme==
De [[ekonomy]] fan Izmir draaide ieuwenlang fral op 'e hannel; de stêd foarme benammentlik in trochfierhaven foar guod út it [[Anatoalje|Anatoalyske]] efterlân nei eilannen yn 'e Egeyske See. Nei 1922 waarden dy hannelsbetrekkings foargoed trochsnien. Likegoed is de provinsje Izmir hjoed de dei nei de provinsjes [[Istanbûl (provinsje)|Istanbûl]] en [[Bursa (provinsje)|Bursa]] noch altiten de trêde eksporteur fan Turkije. It grutste part fan 'e beropbefolking fan Izmir is no wurksum yn 'e [[yndustry]] (30,5%), folge troch de hannel en oanbesibbe tsjinsten (22,9%), ferfier en kommunikaasje (13,5%) en de [[lânbou]] (7,8%).
 
Hoewol't Izmir net ien fan 'e grutste [[toerisme|toeristyske]] trekpleisters fan Turkije is, mocht it yn [[2008]] dochs noch 1.079.000 toeristen ferwolkomje. De wichtichste attraksjes binne de ''agora'' (it stedsplein) fan it âlde Smyrna; de moarmerne klokketoer út [[1901]], deunby de âlde haven, dy't it symboal fan 'e stêd wurden is; de [[Kadifekale]] (de "Satinene Fêsting"), in kastiel dat stifte waard troch Aleksander de Grutte op in heuvel fuort efter de âlde stêd (sjoen fan 'e see ôf); en bûten de stêd de saneamde Tombe fan [[Tantalus]], op 'e top fan 'e berch de [[Yamanlar]].
 
[[Kategory:Plak yn Turkije]]