Kreta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 93 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q34374
L red.
Rigel 6:
 
== Geografy ==
It oerflak fan Kreta is goed 8300 km² grut. It eilân leit yn it suden fan de [[Egeyske See]] en foarmet de grins mei de [[Libyske See]]. It eilân is 260 km lang en de breedte rint útien fan 12 km (by Lerapetra) oant 60 km (tusken Dion en Lithinon). Kreta hat in tige bercheftichberchich lânskip. Ferspraat op it eilân rinne in oantal lytse rivierkes dy't it meastepart fan it jier droech steane.
 
De Kretensyske [[floara]] is útsûnderlik divers: der waakse wol 2170 soarten planten en blommen, dêr't 311 allinnich op it eilân foarkomme. By Kreta heare ek noch wat lytse eilannen, dêr't it wichtichste [[Gavdos]] fan is mei 29,6 km². De meast nijsgjirrige binne nei alle gedachten de súdeastlike eilantsjes [[Krissy]] en [[Koufonisy]] (4,8 km²), dy't net bewenne binne.
Rigel 12:
[[Ofbyld:AgiosNikolaos.jpg|thumb|300px|Agios Nikolaos]]
 
De grutste stêd op Kreta is [[Heraklion (stêd)|Heraklion]] mei om-ende-by 145 tûzen ynwenners.
 
== Skiednis ==
It eilân Kreta is ûntstien troch it oer elkoar hinne skowen fan Jeropeeske en Afrikaanske kontinintale platen op deselde wize as de [[Alpen]] en de [[Himalaya]] ûntstien binne. De âldste tekenen fan beskavings datearre út sawat 6500 f. Kr. doe't folken út [[Lyts-Aazje]] har op it eilân tanei wenjen setten. Dat tiidrek stiet bekend as [[Neolitikum]] en einige likernôch 3000 f. Kr. Dêrnei kaam de [[Minoyske beskaving]] opsetten. DizzeDy brocht goede seefarders, hannelers en lânbouwers fuort. Omdat sy sawat it hiele eastlike part fan de Midslânske See kontrolearren, hienen sy net te krijen mei fijannen. HjirtrochDêrtroch koenen sy harren harren beskaving fier ûntwikkelje. De stêd Knossos wie nei alle gedachten in wichtich searemonieel en polityk sintrum. Om 1400 f. Kr. makke in allesferwoastende [[ierdskodding]] en [[fulkaan]]útbarsting ([[Thera]]).
 
Om 1000 f. Kr. lutsen folken fan't it Grykske fêstelân nei Kreta en bruts de ''[[Doryske tiid]]'' oan. De 2500 jier dy't dêrop folgen wurde karakterisearre troch oanienskeakeling fan oarloggen. Efterinoar foelen [[Romeinen]], [[Arabieren]], [[Byzantinen]], [[Feneesje (stêd)|Feneesjers]] en [[Osmaanske Ryk|Turken]] it eilân binnen. Under de Turkske oerhearsking, sûnt [[1645]] begûnen de de Kretenzers in grutte ûnôfhinklikensstriid. DizzeDy striid wie ynearsten frij beheind, mar liedelate úteinlik ta de ûnôfhinklikens fan it eilân yn [[1898]]. Yn [[1913]] waard Kreta opnommen yn it [[Grikelân|Keninkryk Grikelân]].
 
== Nijsgjirrichheden ==
Op Kreta binne in soad [[Argeology|argeologyske]] fynplakken en it eilân hat in moai lânskip.
* [[Knossos]]
* [[Festos]]